Sint-Fitustsjerke (Bussum)
De Sint-Fitustsjerke yn Bussum is in tsjerkegebou dat oant 1982 de funksje fan katolike tsjerke hie.
Dizze neogoatyske basilyk waard boud om 1884 neffens in ûntwerp fan arsjitekt Pierre Cuypers dy't syn ûntwerp basearre op de Broederentsjerke yn Sutfen. It ûntwerp fan de toer wie fan de hân fan syn soan Jos Cuypers, dy't earder krekt soksoarte ûntwerp foar in tsjerketoer makke hie foar de tsjerke yn Eemnes.
De tsjerke waard nei de sluting as tsjerkegebou brûkt as seal foar eveneminten. Yn 1988 bruts der in brân út wêrtroch't it ynterieur diels skansearre waard. Dêrnei stie it gebou jierrenlang leech. Ein jierren njoggentich fan de 20e iuw waarden der mei behâld fan de status as ryksmonumint apparteminten yn it gebou realisearre.