Sint-Helenakatedraal (Helena)

De Sint-Helenakatedraal (Ingelsk: Cathedral of Saint Helena) is de katedraal fan it roomske bisdom Helena yn Helena yn 'e Amerikaanske steat Montana.

Sint-Helenakatedraal
Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Montana
plak Helena
adres 530 N Ewing St, Helena, MT 59601
koördinaten 46° 35' N 112° 1' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Helena
patroanhillige Helena fan Konstantinopel
Arsjitektuer
arsjitekt Albert Olszewski Von Herbulis
boujier 1908-1914
boustyl neogotyk
Webside
Side katedraal
Kaart
Sint-Helenakatedraal (Montana)
Sint-Helenakatedraal

It bisdom Helena waard yn 1884 stifte.

De fan komôf Eastenryksk-Hongaarske arsjitekt en yn 1880 nei de Feriene Steaten emmigrearre Albert Olszewski von Herbulis (1861–1928) krige de opdracht foar de bou. Model foar de tsjerke stie de Votifkirche yn Wenen.

De bou fan de oan Helena fan Konstantinopel wijde tsjerke sette yn 1908 útein, wylst de earste misse yn 1914 fierd waard. De foltôging fan it bouwurk en de wijing duorre lykwols noch oant 1924.

In searje fan ierdskoddings dy't Montana yn 1935 trof, skeinde de súdlike toer fan de katedraal. Yn 1938 waard de weropbou ôfsletten.

De katedraal waard fan binnen yn 'e jierren 1950 restaurearre. Ut dy tiid datearje ek it brûnzen altersiboarium en it fergulden fan it ynterieur.

Yn 1980 waard de katedraal yn it National Register of Historic Places ynskreaun.

Bou en ynterieur

bewurkje seksje

De Helenakatedraal is in neogoatyske, krúsfoarmige basilyk mei in gevel mei dûbele tuorren.

De tsjerke hat 59 glês-yn-leadramen fan 'e firma Franz Xaver Zettler út München. Op 37 ramen wurdt de skiednis fan Adam en Eva oant dy fan 'e Tsjerke fan 'e 20e iuw toant.

It oargel waard yn 2008 ferboud en fergrutte, sadat it tsjintwurdich mear as 2.300 pipen telt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: