Sint-Jakobustsjerke (Rothenburg ob der Tauber)

De Sint-Jakobustsjerke yn Rothenburg ob der Tauber yn 'e Dútske dielsteat Beieren is in protestantske tsjerke.

Sint-Jakobstsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Beieren
plak Rothenburg ob der Tauber
adres Kirchplatz
koördinaten 49° 22' N 10° 10' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelyske Tsjerke yn Dútslân
patroanhillige Sint-Jakobus
Arsjitektuer
boujier 1311-1484
boustyl gotyk
Webside
rothenburg-evangelisch.de
Kaart
Sint-Jakobustsjerke (Beieren)
Sint-Jakobustsjerke

De tsjerke waard tusken 1311 en 1484 boud. It eastlike koer waard yn 1322 foltôge. Nei in tydlike boustop waard it haadskip tusken 1373 en 1436 boud. It westlike koer mei de Hillich Bloedkapel waard tusken 1453 en 1471 boud. De wijing fan 'e tsjerke fûn yn 1485 plak.

Yn 1544 waard de reformaasje ynfierd en feroare de tsjerke fan in roomske tsjerke yn in protestantske tsjerke.

De goatyske tsjerke is fan bûten ienfâldich en hat twa tuorren dy 't net like heech binne. De súdlike toer is de minst hege en mjit 55,2 m, wylst de noardlike toer 57,7 m heech is. De maaswurkfinsters fan it eastlike koer ha weardefolle brânskildere ramen. De âldsten datearje út 1350, oaren stamme út 1400.

Tusken 2005 en 2011 waard de tsjerke yngreven restaurearre. De kosten dêrfan bedroegen 9 miljoen euro.

Hillich Bloedalter

bewurkje seksje
 
Relikwykrús.

Yn 'e tsjerke stiet op 'e westlike galerij it ferneamde Hillich Bloedretabel fan 'e houtfiker Tilman Riemenschneider. De út Würzburg ôfkomstige houtfiker makke it alter tusken 1500 en 1505 foar in relikwy fan it Hillich Bloed, dat yn in kapsule fan berchkristal op 'e krusing fan 'e balken fan it 13e-iuwske relikwykrús bewarre wurdt. Neffens de tradysje is de relikwy fan it Hillich Bloed in griemd dripke út de tsjelk by it Hillich Nachtmiel, dy't doe transformearre ta it bloed fan Kristus.

Yn 1499 joech de stedsried oan Erhart Harschner opdracht om in alterkast te bouwen foar de relikwy. Riemenschneider krige op 15 april 1501 de opdracht om de kast mei fike bylden op te foljen. Tegearre mei it relikwykrús waard it alter op 8 maaie 1502 yn it westlike koer opsteld. Oant 1505 wurke Riemenschneider noch fierder oan 'e bylden. De tema's binne de Yntocht yn Jerusalim (rjochts), it Nachtmiel (midden) en de Oliifberch (lofts).

De sintrale figuer is Judas en net lykas wenst Jezus. Judas en Jezus lykje yn it gesicht in soad op inoar. It byld fan Judas kin weihelle wurde en as dat dien wurdt dan is de dêrefter de apostel Jehannes goed te sjen, dy't mei syn holle op 'e earm fan Jezus leit.

Tolve Boadskippersalter

bewurkje seksje

It heechalter fan 'e Jakobustsjerke is it Tolve Boadskippersalter út 1466 yn it eastlike koer. Sintraal yn it letgoatyske Boadskippersalter steane in byldhoude krusigingsgroep en seis ferskillende hilligen. Njonken de fleugels en de predella is it alter oan 'e bûtenkanten en de efterkant beskildere. Op 'e efterkant fan 'e sydfleugels is de âldste foarstelling fan 'e stêd Rothenburg te sjen. Ek binne der foarstellings fan tige seldsume legindes fan Jakobuspylgers oanbrocht. It foarbyld fan it alter wie it alter fan Nördlingen, dat nei alle gedachten troch Nikolaus Eseler de Aldere ûntwurpen is. Om't de no sichtbere ôfbyldings fan Sint-Jakobus nei de reformaasje te roomsk wiene, waarden se yn 1582 troch de skilder Martin Greulich mei foarstellings út it lijen fan Kristus oerskildere. Allinne de twa eftergrûnen fan 'e twa middelste panielen, wêrfan ien mei it merkplein fan Rothenburg, bleaune orizjineel. Yn 1922 binne de skilderijen restaurearre en yn 'e oarspronklike steat werom brocht.

Oare belangrike alters yn 'e tsjerke binne it Loadewyk fan Toulouse-alter fan Tilman Riemenschneider mei beskildere fleugels fan Jakob Mülholzer en it Marije-Kroaningsalter (mei bylden út ferskate tiden, û.o. fan 'e Riemenschneider-skoalle).

It grutte oargel fan 'e tsjerke waard yn 1968 troch Riegel Orgelbau (Vorarlberg) boud en hat 69 registers mei likernôch 5.500 pipen. It oargel hat twa spyltafels: ien fan fjouwer manualen oan 'e foarkant en ien fan twa manualen oan 'e rêchkant. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.

It oargel waard yn 2021 renovearre en skjinmakke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Stadtkirche St. Jakob (Rothenburg ob der Tauber)