Tilman Riemenschneider
Tilman Riemenschneider (Heiligenstadt, om 1460 hinne – Würzburg, 7 july 1531) wie ien fan 'e wichtichste Dútske letgoatyske houtfikers en byldhouwers.
Tilman Riemenschneider | ||
keunstner | ||
Selsportret. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 1460 | |
berteplak | Heiligenstadt | |
stoarn | 7 juli 1531 | |
stjerplak | Würzburg | |
wurkpaad | ||
wurksum as | houtfiker, byldhouwer | |
streaming | lette gotyk, iere renêssânse | |
jierren aktyf | 1483-1530 |
Libben
bewurkje seksjeTilman Riemenschneider waard tusken 1459 en 1462 yn Heiligenstadt berne yn Tueringen. Hy waard yn Osterode grutbrocht, dêr't syn heit wurke yn in munthûs. Oer syn oplieding yn 'e jieren 1470 is neat bekend. Op basis fan stilistyske analyses wurdt der oannommen dat er nei alle gedachten yn Straasburch en Ulm yn 'e lear west hat by opfolgers fan Niclas Gerhaert van Leyden en mooglik by Michel Erhart. Ek learde Riemenschneider yn syn oplieding nei alle gedachten de keunst fan Martin Schongauer kennen en troch him yndirekt ek mei de Flaamske keunst fan bygelyks Rogier van der Weyden. De kopergravueres fan Schongauer tsjinnen letter as foarbyld.
Wurkpaad
bewurkje seksjeOp 7 desimber 1483 slagge Riemenschneider der yn om as feint yn it Würzburger Sint-Lukasgilde opnommen te wurden, it gild fan skilders, byldhouwers en gleskers. Syn houlik mei Anna Schmidt op 28 febrewaris 1485, de widdo fan in goudsmit út Würzburg, iepene foar him de wei nei sosjale foarútgong mei boargerrjochten en de namme master te dragen. Troch de strange regels fan 'e gilden wie it yn dy tiid sa dat minsken dy't net hikke en tein wiene yn it plak yn 'e regel gjin oare mooglikheid hiene as harren by de lokale masters oan te sluten. Njonken status en rykdom krige er mei syn frou in dochter (syn frou hie al trije soannen fan har eardere man). Anna Schmidt ferstoar nei tsien jier. Hy soe letter noch trije kear trouwe en wylst de froulju de ferantwurdlikens foar it masterhûs hiene dêr't ek de feinten wennen, late Riemenschneider mei grutte betûftens syn bedriuw.
Om 1500 hinne hied er as keunstner in poerbêste reputaasje en hied er yn Würzburg al aardich wat oan besit opboud, lykas ferskillende hûzen, lân, in pear wyngerds en in drok atelier. Ek wie Tiemenschneider it haad fan it gild en hied er in soad, somtiden tige talintfolle feinten yn tsjinst.
Yn 1504 waard Tilman Riemenschneider riedslid, in funksje dy't er twintich jier hold. Dat iepenbiere amt joech him net allinne in soad oansjen, mar mei syn kontakten wist er ek in soad grutte en winstjaande opdrachten binnen te slepen. Yn 1520 waard Riemenschneider sels ta boargemaster keazen. Om dy tiid hinne wie it lân yn 'e besnijing fan 'e reformaasje, itjinge ek yn Würzburg goed oansloech.
Boerekriich
bewurkje seksjeAl in skoft hie de stedsried strideraasjes mei de doetiidske machtige foarstbiskop fan Würzburg, dy't hearske oer it prinsbisdom Würzburg en yn 'e fêsting Marienberg oer syn eigen ryk hearske. Yn 1525 rûn it skeel út de klauwen, doe't opstannige boeren mei de ynwenners fan Würzburg rebelearren en de Marienberg belegeren. Op 4 juny 1525 ferneatige in hierlingeleger fan Georg Truchsess von Waldburg-Zeil it boereleger bûten de stêd. Doe't it goed organisearre leger fan 'e biskop de stêd oanfoel einige de opstân fan 'e ynwenners yn in delslach en in ûnderwerpen fan 'e stêd oan 'e biskop.
De lieders fan 'e opstân waarden ynklusyf de riedsleden fan Würzburg allegear yn 'e kerkers fan 'e Marienberg finzenset. Se waarden somtiden wreed straft en ek Tilman Riemenschneider siet fêst en krige dêr in net sêftsinnige behanneling. It sizzen dat de beweitsers him dêr de hannen brutsen sadat er net mear fykje koe moat lykwols as in leginde sjoen wurde. Hy kaam wer frij troch de helte fan syn besit ôf te stean, ferlear syn politike amten en krige nea wer grutte opdrachten.
Sûnt wie Riemenschneider tige op him sels. De iennige bestelling dy't noch oan him taskreaun wurdt is in wurk foar in Benediktynsk nonnekleaster yn Kitzingen yn 1527. Oant syn stjerren op 7 july 1531 yn Würzburg wenne er tegearre mei syn fjirde frou yn it hûs dat syn earste frou yn it houlik meinaam, it Hof zum Wolfmannszichlein oan 'e Franziskanergasse 1. Syn soan Jörg út it twadde houlik naam nei syn ferstjerren it bedriuw oer.
Wurk
bewurkje seksjeDe sânstiennen en faak yn linehout makke houten bylden falle op troch de typyske gesichten, faak mei in nei binnen kearde blik, en troch de rike tearen fan 'e klean. In pear fan syn bylden ha nea beskildere west (alhoewol't dat doe wol wenst wie) om de houtstruktuer te toanen. Riemenschneider wie de earste byldhouwer dy't sa wurke. Ek binne der in pear albaster bylden bekend.
De grutste kolleksje fan Riemenschneider is te finen yn it Museum für Franken (earder it Mainfränkisches Museum) yn Würzburg. De kolleksje bestiet út 81 wurken.
-
Hillich-Bloed alter, Rothenburg ob der Tauber, 1501/1505
-
Marijealter, Creglingen, ± 1505/1508
-
Jehanes de Doper, ± 1490, Parochytsjerke Sint-Kiliaan, Haßfurt
-
Ekstaze fan Marije Magdalena fan it heechalter fan Münnerstadt, 1490/92, Bayerisches Nationalmuseum
-
Markus de Evangelist fan 'e predella fan it heechalter fan Münnerstädt, Bode-Museum, Berlyn
-
Jakobus de Aldere, ± 1505, Bayerisches Nationalmuseum, München
-
Rouwende Marije, ± 1510, ôfkomstich út Acholshausen, Museum für Franken, Würzburg
-
Sint-Elisabeth, ± 1510, Germanisches Nationalmuseum, Neurenberch
-
Adam, oarspr. fan 'e Marijekapel, sânstien, Museum für Franken, Würzburg, ± 1491/1494
-
Eva, súdportaal fan 'e Marijekapel, Museum für Franken, Würzburg.
-
Madonna mei Bern, 1493, Neumünster, Würzburg
-
Grêfmonumint Hindrik II en syn frou Kunigunde yn 'e dom fan Bamberg, 1499/1514
-
Beskrieming fan Kristus, kleastertsjerke Sint-Afra, Maidbronn, 1525
Seleksje
bewurkje seksjeWürzburg
- Dom Sint-Kiliaan
- Grêfmonumint fan biskop Rudolf II. von Scherenberg, 1496/1499.
- Diaken, 1500.
- Madonna.
- Epitaaf foar foarstbiskop Lorenz von Bibra, 1520/1522.
- Adam en Eva, sânstien, 1491/1494, Marijekapel (súdportaal). Sûnt 1975 binne dêr replika's, de orizjinelen binne yn it Museum für Franken yn Würzburg.
- Neumünster.
- Stiennen Madonna, 1493.
- Frankenapostels Kiliaan, Kolonat en Totnan, ferneatige yn 1945.
- Beskrieming fan Kristus, sânstien, 1525, katolike tsjerke Sint-Afra, earder Sistersjinzerske kleastertsjerke yn it Orsteil Maidbronn.
- Madonna yn 'e Sint-Burkardtsjerke fan Würzburg.
- Oliifberchgroep, sânstien, opsteld 1510, parochytsjerke Sint-Laurentius (oliifberchkapel)]] yn it Ortsteiln Heidingsfeld.
Bûten Würzburg yn tsjerken
- Bamberger Dom: Keizersgrêf, 1499/1514.
- Bibra, Sint-Leotsjerke: Apostelalter, tsjerkefaarsalter en ferkundigingsalter, linebeamhout, allegear fan 1500.
- Creglingen, Herrgottskirche: Marije-retabel, linebeamhout, ± 1505/1508.
- Detwang, parochytsjerke Sint-Petrus en Paulus: Krusigingss-retabel, 1505/1508.
- Eisingen, katolike parochytsjerke Sint-Nikolaas: Krusifiks, ± 1500/1505.
- Großostheim, parochytsjerke Sint-Petrus en Paulus: Beskriemingsgroep fan Kristus, hout, ± 1515.
- Oberthulba, (gemeente), parochytsjerke yn Hassenbach: Hassenbacher piëta, Lindenholz, um 1490.
- Haßfurt, parochytsjerke Sint-Kiliaan: Jehannes de Doper, ± 1490 (en in Madonna en noch trije bylden).
- Iphofen, stedsparochytsjerke Sint-Fitus: Jehannes de Doper, (gjin datum).
- Kleinschwarzenlohe, protestantske Alderheljentsjerke: Apostel-ôfskie-alter, 1491.
- Münnerstadt, katolike stedsparochytsjerke Sint-Marije Magdalena: Magdalene-retabel, 1490/1492
- Rothenburg ob der Tauber, stedsparochytsjerke Sint-Jakobus: Hillich Bloed-retabel, linebeamhout, 1501/1505.
- Steinach an der fränkischen Saale, parochytsjerke Sint-Nikolaas en Katarina: Krúsifiks, 1516
- Volkach, beafeartstsjerke Maria im Weingarten: Roazekrânsmadonna, ± 1521/1524.
Musea (seleksje
bewurkje seksje- Würzburg, Museum für Franken, mei 81 wurken fan Riemenschneider de grutste samling fan 'e wrâld.
- Lüsterweibchen (in ljochter), ± 1505/1510.
- Rouwende Marije, ± 1510, stamt út Acholshausen.
- Berlyn, Skulpturensammlung und Museum für Byzantinische Kunst yn it Bode-Museum:
- Rouwende Froulju, in beskrieming fan Kristus út de sokkel fan it heechalterretabel fan 'e Fransiskanertsjerke fan Rothenburg ob der Tauber, ± 1485/1490, linehout, oarspronklike farve.
- De Fjouwer Evangelisten fan it alter fan Münnestadt, 1490/1492.
- Ferskining fan Kristus foar Marije Magdalena, reliëf fan it Münnerstädter retabel, 1490/1492.
- Hillige Joaris mei de Draak, ± 1490/1495.
- Hamburch, Museum für Kunst und Gewerbe:
- Marije op 'e Moannesikkel, ± 1503/1505.
- Heidelberg, Kurpfälzisches Museum:
- Tolve Apostels-alter út Windsheim.
- Keulen, Museum für Angewandte Kunst:
- Moannesikkelmadonna, 1495.
- München, Bayerisches Nationalmuseum:
- Twa byldegroepen út in krusigingsalter, 1485/90, mei de âlde kleurstelling.
- Magdalena-retabel, 1490/92, fan it heechalter yn 'e Münnerstädter Sint-Marije Magdalenatsjerke.
- Hillige Barbara, ± 1510.
- Neurenberch, Germanisches Nationalmuseum:
- Hillige Elisabeth fan Tueringen, ± 1510, Würzburg.
- Oanbidding fan 'e Trije Hillige Keningen, ± 1485/90, Würzburg.
- Schwäbisch Hall, Johanittertsjerke:
- Mem Gods mei Bern, ± 1490.
- Stuttgart, Landesmuseum Württemberg:
- Rouwende Froulju út in beskrieming fan Kristus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tilman Riemenschneider
|