De St George's Chapel of Sint-Joariskapel is in kapel fan de Britske monarch by it Kastiel fan Windsor. De goatyske kapel is in "royal peculiar", dat ynhâldt dat de tsjerke net ûnder it gesach fan in biskop falt. It is ynstee in hûskapel fan de kening fan it Feriene Keninkryk, dy't it haad fan 'e Anglikaanske Tsjerke is. De kapel is boud troch kening Edwert IV en foltôge ûnder Hindrik VIII.

St George's Chapel
Lokaasje
lân Grut-Brittanje
greefskip Berkshire
plak Windsor
adres Castle, 2 The Cloisters
koördinaten 51° 29' N 0° 36' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 1475
boustyl Ingelske gotyk
Kaart
St George's Chapel (Ingelân)
St George's Chapel

Der binne yn de kapel achttjin houliken sletten fan neikommelingen fan keninginne Fiktoaria. De kapel hat ek it plak west fan in soad keninklike begraffenissen. De grêfkelder fan it Britsk keningshûs is ûnder de kapel.

De frijsteande St George's Chapel hat gjin toer, mar dominearret al de ûnderste wyk fan it Kastiel fan Windsor. Hoewol't it offisjeel mar in kapel is, hat dit tsjerkegebou mei in lingte fan likernôch 72 m de grutte fan guon katedralen. It gebou, makke fan lichte sânstien, wurdt beskôge as ien fan de wichtichste wurken fan de Ingelske gotyk.

 
De ferwulften en banieren

It eksterieur ûnderskiedt him troch de grutte finsters en de sierlike bôgen. It platte dak is net sichtber, mar it gebou wurdt kompletearre troch in boarstwarring mei pinakels dy't de heraldyske bisten fan de huzen fan Lancaster en York ôfbyldzje, lykas in falk, hart, draak en oare bisten. It útsprutsen dwersskip sit yn 'e midden fan de kapel, sadat it skip en it koer elk sân traveeën hawwe. Sawol it haadskip as it koer hawwe twa lege sydbeuken, yn it easten wurdt it koer fuortset troch in ienbeukige eardere frouljuskapel mei in tige hoekige útein.

 
It westlike finster

It ynterieur fan de kapel, dat troch de grutte finsters ljocht is, makket yndruk mei it ryk strukturearre waaierferwulft. In opfallend ûnderdiel yn de ynrjochting fan de kapel wurdt foarme troch de ikehouten koerbanken foar de Ridders fan de Hoasbân, dêr't de banieren fan de hjoeddeiske leden boppe hingje, en de wapenskylden fan mear as 700 eardere leden fan de oarder. It westlike finster is mear as 9 meter heech en hast 9 meter breed en wurdt beskôge as ien fan de grutste glês-yn-leadfinsters yn Grut-Brittannië; it meastepart datearret út it begjin fan de 16e iuw. De kapel befettet de grêven fan keningen en in tal oare leden fan de keninklike famylje.

It oargel yn de St. George's Chapel waard yn it begjin fan de 20e iuw boud troch oargelbouwer Walter & Sons, en yn 2002 wiidweidich restaurearre troch de oargelbouwers Harrison & Harrison en foarsjoen fan in nij spylsysteem. It ynstrumint hat 71 registers.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.