Sint-Joariskatedraal (Jeruzalim)

De Sint-Joariskatedraal (Ingelsk: St. George’s Cathedral) is in anglikaanske katedraal yn Jeruzalim. De katedraal waard stifte yn 1899 en is de sit fan de biskop fan Jeruzalim fan de Episkopale Tsjerke yn Jeruzalim en it Midden-Easten. De tsjerke stiet op in twahûndert meter fan de Grêftún, in wichtich beafeartsplak foar anglikanen en oare protestanten.

Sint-Joariskatedraal

St. George's Cathedral

bouwurk
lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
adres Nablus Road 20
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 19e iuw
arsjitekt George Jeffery
boustyl Neogotyk
offisjele webside
Anglikaanske bisdom
 
De katedraal yn de jierren 1930

De skiednis fan it anglikanisme yn Jeruzalim giet werom op 1841 doe't Grut-Brittanje tegearre mei Prusen in mienskiplik protestantsk bisdom stifte. As earste anglikaanske biskop waard Michael Salomo Alexander nei Jeruzalim stjoerd. Yn 1845 waard it earste tsjerkegebou, de Christ Church by de Jaffa-poarte, yn gebrûk nommen. De opfolger fan de earste biskop, Samuel Gobat, stifte yn 1846 protestantske gemeenten, skoallen, sikenhûzen en opfangsintra yn Jeruzalim, Betlehem, Jaffa, Nablus en Nazareth.

Nei't der in ein kaam oan it mienskiplike Ingelsk-Prusyske bisdom yn 1881 waard de earste stien lein foar de Sint-Joariskatedraal. Nei in boutiid fan sân jier waard de neffens in ûntwerp fan George Jeffery boude katedraal yn 1898 troch biskop Blyth ynwijd. De katedraal waard ferneamd nei Joaris, dy't soldaat wie yn Palestina en ûnder de kristenferfolgings fan Diokletianus yn it jier 303 de martlersdea stoar.

De katedraal waard yn de Earste Wrâldkriich ynnommen troch de Turkse troepen en as haadkertier ynrjochte. De Turkske generaal, Cemal Pascha, bewenne de residinsje fan de biskop. Yn de residinsje waard op 9 desimber 1917 de kapitulaasje ûndertekene en dêrnei waard de katedraal nei trije jier ticht west te ha wer iepene.

De katedraal wurdt tsjintwurdich troch Palestynske anglikanen en troch de Ingelske anglikanen brûkt.[1]

Foar de tsjerke stiet bûten in grutte pylder út de byzantynske tiid, dy't bekroand wurdt mei in romeinske kûgel en in byzantynsk krús.

It kompleks is yn de Ingelske Windsor-gotyk boud en bestiet njonken de tsjerke út in wente foar de biskop en dekaan, in jongesskoalle en in foarmingsynstitút foar folwoeksenen. Fierder is der in pylgershûs en in tún mei bibelske planten. Op de grûn fan it bisdom stiet ek de St. George’s School, in middelbere skoalle foar jonges.

De frijsteande toer fan de trijeskippige tsjerke waard yn 1911 ta oantinken fan kening Edward VII boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St. George’s Cathedral (Jerusalem)