Sint-Joaristsjerke (Britswert)

De Sint-Joaristsjerke yn Britswert is in tsjerke fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke wurdt simmerdeis brûkt foar eksposysjes.

Sint-Joaristsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Britswert
adres Terp 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8483 [1]
offisjele webside
PKN-gemeente De Slachsang

Skiednis bewurkje seksje

Argeologysk ûndersyk hat útwiisd dat op it plak fan de hjoeddeiske tsjerke in foargonger fan dowestien stien hat. De ôfmjittings fan dat tsjerkje wiene 14,70 by 6,30 meter en oannommen wurdt dat dat tsjerkje gjin toer hân hat. De terp dêr't de tsjerke op stiet is spesjaal foar it gebou opsmiten.

De hjoeddeiske, ienskippige tsjerke mei in healrûn koer is fan giele moppen boud. Nei alle gedachten waard de oan Sint-Nikolaas wijde tsjerke yn de 12e iuw boud. Yn 1514 stieken de manlju fan de Swarte Heap meardere tsjerken yn Fryslân yn 'e brân en ek de tsjerke fan Britswert waard plondere.

Healwei de 18e iuw waard de brekfallige tsjerke opknapt. Boppe de tagong betinkt in sânstiennen túfstik mei it wapen fan jonker Ernst Frâns fan Aylva Sûnt dy restauraasje. Sûnt dy tiid waarden de laaien op it tek ferfongen troch dakpannen en reparaasjes waarden útfierd yn Fryske gieltsjes.

 
Oargel

De midsiuwske sealtektoer waard yn 1883 ferfongen troch in nije toer mei ynsnuorre spits. Monumintensoarch hat foar de ôfbraak de toer noch opmetten en der tekenings fan makke. Yn de jierren 1970 moast de tsjerke op 'e nij restaurearre wurde troch skuorren yn 'e muorren en fersakkings. Ek de kape en it ynterieur wiene oan in restauraasje ta. By de restauraasje binne ferskillende grêfsarken werom fûn. De herfoarme tsjerke waard yn 1975 oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Ynterieur bewurkje seksje

It ynterieur datearret noch foar in part út de 18e iuw, doe't de tsjerke fernijd waard. Der is sûnt dy tiid noch al wat feroare oant it meubilêr. De âlde banken binne yn it lêste fearn fan de 19e iuw ferkocht.

It houten tonferwulft is 15e-iuwsk. Oer de flier lizze ferskillende âlde grêfsarken fan it Schotanus-skaai.

Oargel bewurkje seksje

It twamanualige oargel waard yn 1868 troch de firma L. van Dam & Soannen boud.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: