Sint-Joaristsjerke (Lod)

De Sint-Joaristsjerke (Hebriuwsk: כנסיית גאורגיוס הקדוש קוטל הדרקון, Arabysk: كنيسة القديس جيورجوس of كنيسة مار جريس‎) is in gryksk-otterdoksk tsjerkegebou yn Lod, Israel. Yn de krypte stiet de tombe fan de 4e-iuwske kristlike martler Joaris. De tsjerke waard yn de jierren 1870-1874 mei behâld fan de ruïne fan in âlde krúsfarderskatedraal boud.

Sint-Joaristsjerke
bouwurk
Lofts de Sint-Joaristsjerke; rjochts de El-Khidr-moskee
Lofts de Sint-Joaristsjerke; rjochts de El-Khidr-moskee
lokaasje
lân Israel
distrikt Sintrum
plak Lod
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1870-1874
 
De (lege) tombe fan Sint-Joaris

Oan de krúsfarderskatedraal gyng in byzantynske tsjerke foarôf, dy't nei alle gedachten op it plak dêr't de hillige Joaris de martlersdea stoar boud wie. Yn 1010 waard dy byzantynske tsjerke troch kalyf al-Hakim mei de grûn lyk makke. Doe't de krúsfarders yn 1099 it Hillige Lân befrijden, waard it bisdom Lod-Ramla stifte en yn de nije Joariskatedraal fan Lod kaam de biskopssit te stean.

De Joariskatedraal waard as trijeskippige basilyk mei fjouwer traveeën en in oansluten koertravee boud en krige de definitive foarm yn de 12e iuw. It grêf fan de hillige lei foar de middelste haadapsis. De basilika wie in wartsjerke om de wei fan Jeruzalim nei Jaffa feilich te stellen en makke yn 1177 de ferdigeningsfunksje wier by in belegering troch de Ayyubiden. Nei de oermastering fan Lod troch Saladin's troepen yn 1191 waarden de westlike traveeën fan de tsjerke ferneatige. Op dat plak leit hjoed-de-dei de binnenhôf fan in moskee.

Yn 1870 ûnstie der striid tusken de Fransiskanen en de otterdoksken oer de rjochten fan de resten fan de krúsfarderstsjerke. De Ottomaanske autoriteiten wiisden de resten fan de Joaristsjerke lang om let ta oan it Gryksk-Otterdokske Patriargaat fan Jeruzalim. Om't de Ottomaanske autoriteiten perfoarst in diel fan de grûn beskikber stelle woene, koe de Joaristsjerke mar foar in part rekonstruearre wurde. By de bou waarden dielen fan de âlde krúsfarderstsjerke (de haadapsis, de noardlike sydapsis en de fjouwer noardeastlike traveeën) yn de nijbou yntegrearre.

Yn fitrines yn de tsjerke wurde reliken fan Joaris bewarre. Sa bewarret de tsjerke ek kettings, wêrfan't sein wurdt dat se brûkt waarden om Joaris yn de finzenis te boeien. De kettings kinne út de fitrine helle wurde om de minsken der mei te segenjen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: