Sint-Joazeftsjerke (De Haach)

De Sint-Joazeftsjerke (Sint-Josephkerk) wie in monumintale roomske tsjerke yn de Skilderswyk fan De Haach.

Sint-Joazeftsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
plak De Haach
adres Van Limburg Stirumstraat
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1886-1888
sloopjier 1974-1975
arsjitekt Evert Margry
boustyl Neogotyk

De parochy waard yn 1880 oprjochte yn in tiid doe't de Skilderswyk oanlein waard en it tal katoliken hurd oanwoeks. Ear't de tsjerke oan Joazef fan Nazaret ynwijd waard makken de katoliken gebrûk fan in t houten needtsjerke oan de Van der Duynstraat.

De tsjerke waard tusken 1886 en 1888 boud oan de Van Limburg Stirumstraat neffens in ûntwerp fan Evert Margry. De tsjerke foarme foar de arsjitekt it hichtepunt fan syn karriêre. It hie in ryk ynterieur en bakstiennen stjergewelven.

De Sint-Joazeftsjerke wie in grutte, trijskepige neogoatyske krústsjerke mei in 86 hege toer. Fanwegen de ûnttsjerkliking en de swiere ûnderhâldslesten moast de tsjerke yn 1971 sletten wurde. Yn de jierren 1974-1975 fûn de ôfbraak fan de tsjerke plak.

Ofbylden bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje