Sint-Kolmankatedraal (Cloyne)

De Sint-Kolmankatedraal (Iersk: Ard-Eaglais Naomh Colmán, Ingelsk: St. Colman's Cathedral) yn Cloyne yn Ierlân is de katedraal fan it bisdom Cork-Cloyne-Ross yn 'e Tsjerke fan Ierlân (Church of Ireland), dat diel útmakket fan 'e tsjerkeprovinsje Dublin. Earder wie it de katedraal fan it bisdom Cloyne, mar hjoed-de-dei is it ien fan 'e trije katedralen fan 'e gearfoege bisdommen fan Cork, Cloyne en Ross.

Sint-Kolmankatedraal

Ard-Eaglais Naomh Colmán
St. Colman's Cathedral

Lokaasje
lân Ierlân
provinsje Munster
plak Cloyne
adres Church Str.
koördinaten 51° 51' N 8° 7' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Tsjerke fan Ierlân
bisdom Cork-Cloyne-Ross
patroanhillige Koloman fan Cloyne
Webside
cork.anglican.org
Kaart
Sint-Kolmankatedraal (Ierlân)
Sint-Kolmankatedraal
 
Ynterieur

De skiednis fan it bisdom giet werom op de stifting fan in kleaster yn 'e 6e iuw troch de muonts Kolman. De kening fan Munster, Coirpre Cromm mac Crimthainn, stelde foar dat kleaster in stik grûn beskikber. Yn 822, 824 en 885 waard it kleaster plondere troch de Denen.

Op 'e Synoade fan Kells yn 1152 waard Cloyne as bisdom erkend.

De hjoeddeiske tsjerke datearret út 1250 en waard boud op it plak fan âldere bouwurken. Mei de reformaasje waard de katedraal in protestanske tsjerke. Sûnt 1868 waard yn Cobh in roomsk-katolike Kolmankatedraal boud, dy't foltôge waard yn 'e 20e iuw.

Oan 'e oare kant fan 'e wei stiet de "Rûne toer fan Cloyne" út de 10e iuw, dy't as de klokketoer fan de katedraal brûkt waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Cloyne Cathedral