Sint-Martinustsjerke (Makkum)
De Sint-Martinustsjerke yn Makkum yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân wie in earder roomsk tsjerkegebou. De parochy hat de tsjerke yn 2017 ferkocht oan 'e Algemiene Tsjerke en hold op 2 april 2017 foar it lêst in misse yn 'e tsjerke. Sûnt makket de roomske parochy út en troch gebrûk fan 'e minnistetsjerke fan Makkum.
Sint-Martinustsjerke (Makkum) | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Makkum | |
adres | Tsjerkestrjitte 12 | |
koördinaten | 53° 3' NB, 5° 24' EL | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | J. Starmans | |
boujier | 1938 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe oan Sint-Martinus of Sinte-Marten wijde tsjerke waard yn 1938 boud en ferfong in âldere tsjerke út 1861. De trijeskippige tsjerke is in tradisjonalistysk ûntwerp fan J. Starmans. De njonkenlizzende pastorije waard yn 'e selde styl boud as de tsjerke.
It koer fan 'e tsjerke is rjocht sletten en oan 'e sydkant stiet in sealtektoer.
De brânskildere ruten binne yn 1989 ynbrocht en komme oarspronklik út de Sint-Martinustsjerke fan Utert. De ruten waarden yn 1901 makke troch H. Geuer.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel datearre fan 1929 en waard boud troch de oargelfirma Bernard Pels. It oargel hie 9 registers op twa manualen en pedaal. Nei de ferkeap fan it tsjerkegebou is it Pels-oargel troch de firma Adema demontearre en opslein.[1]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|