Sint-Martinustsjerke (Oberwalluf)

De Sint-Martinustsjerke (Dútsk: St. Martin) is in neogoatyske, roomsk-katolyke parochytsjerke yn Oberwalluf yn 'e Dútske krite Ryngoa, Hessen.

Sint-Martinustsjerke

St. Martin

Lokaasje
lân Dútslân
regio Hessen
lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
plak Oberwalluf
adres St. Elisabethenstraße
koördinaten 50° 2' N 8° 8' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 1900-1910
boustyl koer: goatysk
tsjerke: neogoatysk
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
peterundpaul-rheingau.de
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Hessen)
Sint-Martinustsjerke

It tsjerkeskip waard yn 'e jierren 1900-1901 boud, mar it koer is âlder en letgoatysk.

De komplete ynrjochting waard yn 1903 troch de keunstner Hans Steinlein (1872-1958) levere.

Yn 'e tsjerke wurdt in weardefol relyk bewarre. It Elisabethalter bewarret it boetekleed fan 'e hillige Elisabeth fan Thüringen. Neffens in oerlevering hat Fransiskus fan Assisi it boetekleed skonken, doe't hja har by syn oarder joech. It krap fallende stik klean is fan donkere, grouwe wol. Om 1237 hinne krige it kleaster Tiefenthal it yn besit en yn 1803 waard it oan 'e tsjerke fan Oberwalluf jûn, doe't it kleaster slachtoffer fan de sekularisaasje waard.

Op 'e snein nei de Elisabeth-dei (17 novimber) wurdt de skryn mei it boetekleed iepene en in plechtichheid fierd.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.