Sint-Michaelkastiel
It Sint-Michaelkastiel (ek: Michailovsky Kastiel of Ingenieurskastiel; Russysk: Михайловский замок) is in eardere keninklike residinsje yn it histoaryske sintrum fan Sint-Petersburch, Ruslân. It kastiel waard yn de jierren 1797-1801 troch de arsjitekten Vincenzo Brenna en Vasili Bazjenov boud foar tsaar Paul I. De arsjitekten pasten by de bou fan it kastiel jeropeeske motiven ta lykas it Frânske klassisisme, de Italjaanske renêssânse en de gotyk en eltse kant fan it kastiel hat in eigen boustyl.
Sint-Michaelkastiel | ||
bouwurk | ||
Loftfoto fan it kompleks | ||
lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Sint-Petersburch | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Paleis | |
boujier | 1797-1801 | |
arsjitekt | Vincenzo Brenna; Vasily Bazjenov | |
offisjele webside | ||
rusmuseum.ru |
Namme
bewurkje seksjeIt kastiel hat syn namme te tankjen oan de Tsjerke fan de aartsingel Michaeltsjerke dy't ûnderdiel útmakket fan it kompleks en diel útmakket fan de westlike gevel. Michael wie de beskermhillige fan it Hûs fan de Romanov's. Paul I, dy't de titel fan grutmaster fan de Oarde fan Malta oannaam, hie de nuvere oanwenst om al syn paleizen "kastielen" te neamen. De namme "Ingenieurskastiel" hie te krijen mei de Technyske Militêre Skoalle dy't der sûnt 1819 yn fêstige wie.
Guon boarnen ferhelje fan in ferskining fan de aartsingel Michael op it plak dêr't it paleis letter boud wurde soe. It kin hiel goed wêze dat dy leginde oer dat fizioen mei sin sels troch de tsaar ferspraat waard om de dubieuze needsaak fan de bou fan it nei de ingel ferneamde nije paleis te rjochtfeardigjen. It is yn de skiednis fan de Russyske arsjitektuer it iennige bekende gefal fan in sekulier bouwurk dat net ferneamd waard nei de eigner, de lokaasje of de bestimming, mar ta eare fan de hillige aartsingel Michael.
Skiednis
bewurkje seksjeIt kastiel waard fan 1797 oant 1801 troch de arsjitekten Vincenzo Brenna en Vassily Ivanovitsj Bazjenov yn opdracht fan tsaar Paul I op it plak dêr earder Rastrelli's houten simmerpaleis stien hie, dat yn 1754 foar tsarina Elisabet boud wie. Dei en nacht, yn it skynsel fan fakkels en lantearns, waard wurke oan it kastiel. Dat wie op lêst fan de tsaar, dy't ha woe dat de rûge bou fan it kastiel yn in jier tiid klear wêze moast. De tsaar wie benaud foar in oanslach en liet it gebou mei grêften en ophelbrêgen beskermje. In ûnderierdske gong ferbûn it nije slot mei de kazernen op it nei de romeinske oarlochsgod ferneamde Marsfjild, dêr't grutte parades en eksersysjes holden waarden.
It kastiel waard op 8 novimber 1800 yn gebrûk nommen, mar it wurk oan it ynterieur gyng noch oant maart 1801 troch. Foar koarte tiid waard it slot de residinsje fan de tsarenfamylje, mar nei't yn de nacht fan 12 maart, noch mar fjirtich dagen nei de ynwijing fan it kastiel, tsaar Paul I fermoarde waard, woe de famylje der net mear wenje. It kompleks bleau twa desinnia leech stean en ferfoel. Doe't tsaar Aleksander I sulver nedich hie foar it houlikskado foar syn suster Anna Paulovna, keninginne fan de Nederlannen, liet er de sulveren poarten út de slottsjerke slope en omrane.
Yn 1819 naam in militêre ûnderwiisynstelling fan it Russyske keizerlike leger it kompleks yn gebrûk. In jier letter rekonstruearre Karl Rossi de omjouwing fan it kastiel. De ophelbrêgen ferdwûnen en de grêften waarden tichtsmiten. Yn de jierren dêrnei ferlear it kastiel stadichoan it orizjinele oansjen. In grut part fan de ynrjochting gyng doe ferlern om it gebou geskikt meitsje te kinnen foar de nije bestimming. Fan 1838 oant 1843 studearre de ferneamde skriuwer Fjodor Dostojevsky as kadet op de skoalle. It gebou ûndergyng yn 1893-1894 in gruttei ferbouwing ûnder arsjitekt N.L. Sjevjakov.
It kastiel tsjinne yn de Twadde Wrâldkriich as hospitaal. It hie slim te lijen fan loftoanfallen. Nei de oarloch krige it wer in bestimming as militêr ûnderwiisynstitút. De restauraasje folge fan ôf 1947 yn ferskillende fazen. Fan ôf 1957 oant hjoeddedei krige de Sintrale Marine Bibleteek in plak yn it kastiel. Nei 1960 ferlear it kastiel de militêre bestimming en hierden ferskate organisaasjes de gebouwen, dy't fanôf 1988 stadich oan it kastiel wer ferlieten. Troch de wikseljende gebrûkers liet de steat fan it gebou in soad te winskjen oer. De paleishallen wiene yn meardere romten ferdield en muorrebeskilderingen wiene rûchwei oerkalke.
Yn 1991 waard in tredde fan de gebouwen oerdroegen oan it Russyske Steatsmuseum. De oerdracht fan it hiele kompleks mei útsûndering fan it diel dêr't de Marine Bibleteek is fêstige folge yn 1994. Yn de sealen fan it kastiel binne permaninte tentoanstellings ûnderbrocht. Restauraasjes oan it begjin fan it nije millenium joech it Michaelkastiel in soad fan de âlde gloarje werom.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Westlike gevel
-
Súdlike gevel
-
Eastlike gevel
-
Noardlike gevel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Михайловский замок
|