Sint-Michaeltsjerke (Harns)
De Sint-Michaelstsjerke is in oan Sint-Michael wijde roomsk-katolike tsjerke yn Harns.
Sint-Michaeltsjerke (Harns) | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
plak | Harns | |
adres | Suderhaven 75 | |
koördinaten | 53° 10' N 5° 25' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Sint-Michael | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Alfred Tepe | |
boujier | 1881 | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintnûmer | 20786 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Harnzer katoliken moasten it trijefearns iuw dwaan mei in skûltsjerkje oan in stege, doe't yn 1879 besletten waard in nije tsjerke te bouwen.
De neogoatyske tsjerke en de pastorije waarden troch it oannimmersbedriuw Kalt út Oerterp op it eardere plak fan 'e âlde skûltsjerke nei in ûntwerp fan Alfred Tepe boud. De trijebeukige krúsbasilyk oan 'e Suderhaven wie de twadde fan de yn totaal fjouwer neogotyske tsjerken dy't de arsjitekt yn Fryslân boude.De tsjerke út 1881 waard op 31 maaie wijd. De pastorije hat in trepgevel.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard de toer fan 'e tsjerke earst troch in Ingelske brânbom rekke, mar letter waard de tsjerke op 5 novimber 1941 sa slim troch in bombardemint skansearre, dat de missen ferhûzje moasten nei it roomske ferieningsgebou "het Roomsche hemeltje". By it bombardemint gyngen de glês-yn-leadramen ferlern en bleau er neat fan 'e sakristy oer. Ek waarden de muorren en it ferwulft ferset, sadat der in soad skuorren ûnstiene. Nei de oarloch folge in restauraasje,
Yn de perioade 1985-1999 wie der in grutte restauraasje nedich. Ut dy tiid datearje ek de sân glês-yn-leadramen fan akrylaatglês, dy't makke binne troch Jan Murk de Vries.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe kânsel, it heechalter, de sydalters en it triomfkrús komme út it atelier fan 'e byldhouwer Friedrich Wilhelm Mengelberg en datearje fan krekt nei de bou fan 'e tsjerke. Fan 'e bychtstuollen is de rjochter foar yn 'e tsjerke noch yntakt.
De klok fan 'e Michaeltsjerke waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch foardere en omraand. No hingje der trije klokken, dy't yn it ramt fan it 40-jierrich jubileum fan pastoar Wirtz yn 1950 getten binne.
Oargel
bewurkje seksjeYn 1898 boude de firma Adema in oargel foar de tsjerke. Dat ynstrumint rekke by it bombardemint yn 1941 skansearre. Nei de oarloch restaurearre de firma Adema-Schreur tusken 1949 en 1950 it twamanualige oargel. It oargel is yn 1950 wer op 'e nij yn gebrûk nommen mei in konsert fan Albert de Klerk en hat 22 registers.
Mei de restauraasje fan de tsjerke waard ek it oargel yn 'e jierren 1999-2000 restaurearre en útwreide ta 23 registers.
Keppeling om utens
bewurkje seksjePublikaasjes
bewurkje seksje- H. Oldenhof "Huis en Baken: de kerk van Sint-Michaël te Harlingen".
Ofbylden
bewurkje seksje-
Ynterieur mei oargel
-
Preekstoel
-
Preekstoel.
-
Ruten fan Jan Murk de Vries
-
Haadalter
-
Sydalter
-
Sydalter