Sint-Michaeltsjerke (Sinkavitsji)

De Tsjerke fan Sint-Michael (Wyt-Russysk: Царква Святога Міхаіла) is in eastersk-otterdokse tsjerke oan 'e noardlike kant fan it doarp Sinkavitsji yn it distrikt Zelva yn 'e oblast Hrodna, Wyt-Ruslân.

Sint-Michaeltsjerke
Lokaasje
lân Wyt-Ruslân
oblast Hrodna
plak Sinkavitsji
koördinaten 53° 7'N, 25° 9'E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
eparchy Hrodna-Vaukavysk
Arsjitektuer
boujier Midden 16e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status Kultureel erfgoed fan Wyt-Ruslân
monumintnûmer 410Г000282
Kaart
Sint-Michaeltsjerke (Wyt-Ruslân)
Sint-Michaeltsjerke

It is tegearre mei de Marije-Bertetsjerke yn Mûravanka in foarbyld fan Wytrussyske gotyk en ien fan 'e earste wartsjerken fan it eartiidske Gruthartochdom Litouwen.

Neffens de oerlevering soe de tsjerke troch Vytautas boud wêze, gruthartoch fan Litouwen, om sa de útbraak fan syn neef Jogaila te betinken.

 
Ynterieur

Nei de Uny fan Brest waard de tsjerke roomsk-katolyk. Mei de ferdieling fan it Poalsk-Litouske Mienebest bleau de parochy bestean, mar nei de mislearre Novimberopstân fan 1830-1831 tsjin it Russyske Ryk waard de tsjerke yn in otterdokse tsjerke feroare.

De tsjerke waard yn de tiid fan de Twadde Poalske Republyk yn 1926 wer yn in katolike tsjerke feroare. It gebou waard yn de jierren 1988-1990 oan 'e otterdokse mienskip oerdroegen.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De tsjerke is in foarbyld fan Wytrussyske gotyk en it ynterieur wurdt ferdield troch trije skippen en fan pylders droegen. Lykas de tsjerke fan Mûravanka is it grûnplan hast fjouwerkant. De eastlike kant wurdt fan trije apsissen ôfsletten. De muorren binne 1,5 meter dik.

Op de fjouwer hoeken fan de tsjerke binne ferdigeningstuorren oanboud; de twa westlike tuorren binne achthoekich wylst de eastlike tuorren rûn binne.

De westlike gevel is fersierd mei dekorative nissen fan ferskillende djipte en ôfmjitting.

De tsjerke is op 30 jannewaris 2004 yn de kulturele kategory op de Foarriedige List fan it Wrâlderfgoed fan UNESCO set.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of St. Michael, Synkavichy