Sint-Petrus yn Gallicantu

De Tsjerke fan Sint-Petrus yn Gallicantu is in tsjerkegebou op de eastlike flank fan de berch Sion yn Jerusalim.

Sint-Petrus yn Gallicantu
bouwurk
lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
adres Ma'aleh Hashalom - Mount Zion
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1924-1931
offisjele webside
Side Assumptionisten

De tafoeging Gallicantu betsjut yn it latyn 'kraaien fan de hoanne' en ferwiist nei Jezus' wurden oan Petrus (neffens Markus 14:72): Ear't de hoanne twaris kraaid hat, silst trije kear sein hawwe datst My net kinste.

 
Non novi illum

Ta oantinken oan it ferried fan Petrus waard op it plak yn it jier 457 in tsjerke boud, dy't yn opdracht fan de Fatimidyske kalyf Al-Hakim yn 1010 ferneatige waard.

De krúsfarders lieten yn 1102 in nije kapel bouwe, dy't doe ek de hjoeddeiske namme krige. Nei de fal fan Jeruzalim rekke de tsjerke op 'e nij yn ferfal. Pas yn 1931 waard wer in nije tsjerke op it plak boud.

It plak fan de tsjerke wurdt ek beskôge as de lokaasje dêr't eartiids it paleis stien hat fan de hegepreester Kajafas. Neffens it Itinerarium Burdigalense fan in anonime pylger út Burdigala, it tsjintwurdige Bordeaux: ... heger geand fan de Fiver fan Siloam nei de berch Sion soe immen it hûs fan de preester Kajafas tsjinkomme.

 
Portaaldoarren

De tsjerke is te berikken fan in heger lizzend parkearterrein ôf. Yn de hôf fan de tsjerke stiet in byld dat de leagening fan Petrus foarstelt. Op de basis stiet de bibelske ynskripsje Non novi illum ("Ik kin him net", Lukas 22:57). Op de smei-izeren doarren fan de tsjerke is in foarstelling te sjen fan Jezus, dy't de ûntrou fan Petrus foarseit (Lukas 22:34). Rjochts binne mozaiken te sjen, dy't by opgravings fûn binne en nei alle gedachten ûnderdiel fan de flier fan de 5e-iuwske tsjerke wiene.

Grutte kleurrike mozayken mei persoanen út it Nije Testamint fersiere de tsjerkeromte. Foar de yngong oer ûnderfreget Kajafas Jezus, dy't fêstbûn is. Rjochts is in foarstelling fan it Lêste Nachtmiel en lofts Petrus as earste paus. It plafond hat in grut krúsfoarmich raam fan ferskate kleuren.

Under de tsjerke lizze grotten dy't mooglik by de byzantynske tsjerke hearden. Yn de muorren binne krúsen gravearre troch 5e-iuwske kristenen. Noch leger binne grotten dy't datearje út it tiidrek fan de Twadde Timpel. In soad kristenen leauwe dat Jezus nei de arrestaasje yn ien fan de ûndergrûnske grotten fêstset waard. Oan de noardlike kant fan de tsjerke is in brede âlde trep dy't nei de delte fan Kidron liedt. It koe wolris it paad west ha dat yn de tiid fan de Earste Timpel de boppestêd mei de benedenstêd ferbûn. Foar in soad kristenen is it it paad dat Jezus de nacht foar de arrestaasje folge nei Getsémané. Oan wjerskanten binne tal fan resten fan gebouwen út de romeinske en byzantynske tiid.

De tsjerke is fan de Paters Assumptionisten, in yn 1887 stifte en nei de opname fan Marije yn 'e himel ferneamde Frânske oarder. It haadkertier fan de oarder yn Jeruzalim is it monumintale Notre Dame de Jerusalem, boud yn 1889.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: