Sint-Teodoarustsjerke (Atene)

De Sint-Teodoarustsjerke (Gryksk: Άγιοι Θεοδώροι Agioi Theodori, Hagioi Theodoroi of Ναός Αγίων Θεοδώρων Naos Hagiōn Theodorōn) yn Atene, Grikelân, is in Byzantynsk tsjerkegebou út de 11e iuw. De tsjerke is wijd oan twa soldatehilligen, dy't beide Teodoarus hjitten (Teodoarus Tiro en syn hagiografyske dûbelgonger Teodoarus Stratelates) en stiet oan it Klafthmonos-plein (Gryksk: Πλατεία Κλαυθμώνος), súd fan 'e Evropidou- en Skouleniou-strjitte.

Sint-Teodoarustsjerke
Άγιοι Θεοδώροι
Lokaasje
lân flagge fan Grikelân Grikelân
plak Atene
koördinaten 37° 58' N 23° 43' E
Tsjerklike gegevens
wijd oan Teodoarus Tiro
Teodoarus Stratelates
Arsjitektuer
boujier 1049, 1065
boustyl Byzantynske arsjitektuer
Kaart
Sint-Teodoarustsjerke (Atene)
Sint-Teodoarustsjerke
 
Ynskripsje.

De 10 meter brede en 11,5 meter djippe tsjerke is in lytse krúskoepeltsjerke en ien fan 'e bêst bewarre Byzantynske tsjerken fan 'e haadstêd. De tsjerke waard boud op it plak fan in âldere en lytsere tsjerke. Dêrfan tsjûget in ynskripsje yn 'e westlike muorre. Dy ynskripsje ynformearret ek dat de tsjerke stifte waard troch de hôfamtner Nikolaos Kalomalos. In oare ynskripsje fermeld de datum fan 'e stifting fan 'e tsjerke. Histoarisy binne it net iens of mei dy datum it jier 1049 of 1965 bedoeld wurdt. De bûtenmuorre is fersierd mei bakstienpatroanen en bakstiennen mei kufyske motiven.

De klokketoer is in tafoeging út de moderne tiid.

De tsjerke waard yn 'e tiid fan it hartochdom Atene (1204-1456) brûkt foar de Latynske ritus. Yn 'e Grykske Unôfhinklikheidskriich yn 1821 waard de tsjerke by fjochterijen skansearre. De restauraasje waard yn 1840 útfierd mei finansjele help fan 'e befolking en it Grykske keningshûs.

By de opgravingen yn 1967 binne ferskillende tombes en in diel fan in Romeinsk mozayk bleatlein.

De fresko's fan 'e tsjerke binne fan in folle lettere datum as de tsjerke en datearje út de 20e iuw. Se binne skildere troch Athanasios Kandri (Αθανάσιο Κανδρή) yn in mingstyl fan it neoklassisisme en de Nazarener beweging.

De moarmeren ikonostaze stamt út de ein fan 'e 19e iuw of it begjin fan 'e 20e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Église Saints-Théodore d'Athènes (ferzje 2 oktober 2024).