Teodoarus Tiro
Teodoarus Tiro, Teodoarus Teron of Teodoarus fan Amasea († 17 febrewaris 287 of 306; Teron (Gryksk) en Tiro (Latyn) betsjut 'rekrút') is in hillige fan 'e otterdokse en roomsk-katolike tsjerke. Syn feestdei is 9 novimber yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en 17 febrewaris yn 'e Eastersk-otterdoksy. De âldste ferwizingen nei de hillige foarmje in panegyryske homily fan biskop Gregoarius fan Nyssa en in lofsang fan Krysippos fan Jeruzalim († 479). Teodoarus is bekermhillige fan soldaten en wurdt by swiere stoarmen oanroppen.
Teodoarus Tiro | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Gryksk | |
berteplak | ûnbekend | |
stjerdatum | 17 febrewaris 287 of 306 | |
stjerplak | Amasea | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Eastersk-otterdoksy | |
hjeldei | 9 novimber (rk) 17 febrewaris (otterdoksy) | |
hillichdom | San Salvatoretsjerke, Feneesje | |
attributen | militêr, lâns, skyld, draak of krokodil, fakkel, toarnekroan | |
patroan fan | soldaten, Brindisi |
Libben
bewurkje seksjeTeodoarus wie in yn berne Amasea Gryk (Amasea is it hjoeddeiske Amasya yn Turkije, likernôch 48 km fan 'e Swarte Seekust by Sinop). Fan him is fierder neat mei wissens bekend, útsein dat er fanwegen syn leauwe de martlerdea ferstoar. De rest is leginde. Neffens it ferhaal waard it legerûnderdiel fan Teodoarus nei Pontus stjoerd om dêr winterkertier te hâlden. Yn dy tiid wie it kristendom noch ferbean en Galearius krige Diokletianus sa fier dat der mei in grutte kristenferfolging útein set waard. Doe't de soldaten fan Teodoarus' kohort ek ferplichte waarden heidenske offers te bringen yn Amasea, wegere Teodoarus dat fanwegen syn leauwe. Kristenen krigen yn dy tiid deastraf, mar fanwegen syn jonge leeftyd stelden de rjochters de straf út sadat er de kâns krige om te feroarjen. Teodoarus soe dy tiid lykwols brûkt ha om de Timpel fan Kybele yn 'e brân te stekken. Teodoarus waard oppakt, tamtearre en lang om let sels libben yn 'e brân stutsen.
Ikonografy
bewurkje seksjeOp mozaïken en ikoanen wurdt Teodoarus yn 'e regel as 6e iuwske militêr útbylde, somtiden lykwols ek yn gewoane klean. Op it hynder is Teodoarus altiten militêr mei in lâns dy't er yn in draak stekt. Faak wurdt er tegearre mei Sint-Joaris of Teodoarus Stratelates ôfbylde. Lykas Teodoarus Stratelates hat er faak swart hier en in puntich burd.
Betizing
bewurkje seksjeSûnt de 9e iuw is der ek sprake fan Teodoarus Stratelates. De twa Teodoarussen waarden yn 'e Byzantynske tiid fakentiden njonken inoar ôfbylde. Teodoarus Stratelates hie in hillichdom yn Euchaneia, mar soe oarspronklik út Euchaita komme. Der ûntstiene in soad tsjinstridige legindes oer it libben en it martlerskip fan Sint-Teodoarus en om wat mear konsistinsje yn 'e ferhalen te bringen liket it der op dat der sa twa ferskillende hilligen ûnstiene: Teodoarus Tiro fan Amasea en Teodoarus Stratelatis fan Heraklea.
De betizing is grut tusken de twa manlju en fan beide wurdt sein dat se in skryn yn Euchaita yn Pontus hiene. Yn feite bestie de skryn al foardat der ferskil makke waard tusken de twa hilligen. In aparte skryn fan Stratelates wie der yn Euchaneia, in oar plak. Hjoed-de-dei wurdt lykwos algemien oannommen, en dat jild neamste mear foar de Roomsk-Katolike Tsjerke, dat der mar ien Teodoarus west hat.
Feneesje
bewurkje seksjeBelangrike reliken fan Sint-Teodoarus waarden yn 1257 troch in Fenesiaanske admiraal út Mesembria yn Traasje helle en, nei't se earst yn in Fenesiaanske tsjerke yn Konstantinopel bewarre waarden, yn 1267 nei Feneesje brocht, dêr't se yn 'e San-Salvatoretsjerke in plak krigen. Teodoarus wie patroanhillige fan Feneesje foardat de reliken fan Sint-Markus yn 828 nei de stêd kamen. De oarspronklike kapel fan 'e doge wie oan Sint-Teodoarus wijd.
Ek wurde der reliken bewarre yn 'e San Teodoro al Palatinotsjerke fan Rome, yn 'e domtsjerken fan Brindisi en Gaeta en yn Wemding yn 'e beafeartstsjerke fan Beierske lânkring Donau-Ries.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Theodore Tiron (ferzje 3 oktober 2024).
|