Gregoarius fan Nyssa
Gregoarius fan Nyssa (* ± 335/340; † nei 394) wie in kristlike biskop, in hillige en in tsjerkfaar. Hy wie in jongere broer fan Basilius fan Caesarea en in goede freon fan Gregoarius fan Nazianze. Dy trije wurde ek oantsjut as de Kappadoasyske faars en tige heech achte yn de otterdokske tsjerken. Yn 372 waard er biskop fan Nyssa (it tsjintwurdige Nevşehir yn Turkije).
Gregoarius fan Nyssa | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertenamme | Gregoarius | |
nasjonaliteit | Byzantynsk | |
bertedatum | ± 335 | |
berteplak | Caesarea (tsjintwurdich Kaiseri, Turkije) | |
stjerdatum | nei 394 | |
stjerplak | ûnbekend | |
wurkpaad | ||
berop | biskop | |
hillichferklearring | ||
sillich ferkl. | ûnbekend | |
hillich ferkl. | ûnbekend | |
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Eastersk-Otterdokse Tsjerke Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken | |
hjeldei | 10 jannewaris |
Nei de dea fan Basilus naam Gregoarius de lieding yn de ferdigening fan de besluten fan it Earste Konsylje fan Nicea. Hie naam oan it Earste Konsylje fan Konstantinopel diel en ferdigene dêr de belidenis fan Nicea tsjin de Arianen. Gregoarius jildt as de grutste kristlik-filosofyske tinkers fan syn tiid en hearde tagelyk ta de grutste mystisi.
Famylje
bewurkje seksjeGregoarius waard yn of by de stêd Neocaesarea as de op ien nei jongste soan fan acht bern yn in aristokratyske hûshâlding berne yn in famylje dy't al meardere generaasje kristlik wie. It is histoarysk net hielendal útiten hoefolle bern der echt west ha en it kommintaar op 30 maaie yn de Acta Sanctorum wol bygelyks ha dat se mei harren njoggenen wiene foardat it Petrus as it tsiende bern beskreaun wurdt.
Nei alle gedachten lei syn bertedatum tusken 335 en 340. De âlders fan Gregoarius hiene fanwegen harren leauwen te lijen hân ûnder ferfolgings en hy skriuwt dat der beslach lein wie op it besit allinne om't se kristenen wiene en syn pake fan syn memmekant ferstoar de martlersdea ûnder de ferfolgings fan de romeinske keizer Maksimus II. Syn âlders slaggen der yn om it wer ta in sekere wolstân te bringen troch't syn heit, Basilius de Aldere, retoarikus en advokaat wie yn Neocaesarea. Oer de jongerein fan Gregoarius is net in soad bekend; hy wie syklik en waard nei alle gedachten in soad thúsholden. Syn heit ferstoar al ier en sels beskôge er syn âldste en goed ûnderleine broer Basilius as syn master. Ek syn beppe Makrina (de Aldere) en syn mem Emmelia sille ynfloed op de jonge Gregoarius hân ha, mar it wie dochs benammen syn âldste suster Makrina (de Jongere) dêr't er in soad fan learde. Syn suster wie foar de ûntwikkeling fan it froulike kleasterlibben paadwizer.
Biskop
bewurkje seksjeGregoarius wie oan it begjin fan de jierren 360 tsjerklik lektor. Hy waard foar in skoftke retoarikus en soe troud west ha mei Theosebia, mar dat lêste is kontroversjeel. Ut syn wurk docht blieken dat er him yntinsyf dwaande holden hat mei heidensk-fylosofyske foarming, mar dêrnei joech er syn berop op en loek er him werom yn de iensumens fan it libben fan in muonts. Yn 371 of 372 liet keizer Falins Kappadoasje yn twaen diele (Cappadocia Prima en Cappadocia Secunda) om sa de ynfloed fan Gregoarius' broer, biskop Basilius, te beheinen, dy't tsjin it sin fan de keizer de lear fan de Trije-ienheid oanhong. Mei help fan Basilius waard Gregoarius yn 372 lykwols biskop fan it mei de opdieling kreëarre nije bisdom Nyssa. Yn it begjin foldie Gregoarius net hielendal neffens it sin fan Basilius; wylst Gregoarius besocht de sabellianistyske folgers fan Marcellus fan Ancyra te fermoedsoemjen mei de Tsjerke, dêr feroardiele Basilius harren as ketters.
Gregoarius krige yn Nyssa te meitsjen mei ferset en yn 373 moast de biskop fan Iconium (hjoeddedei Konya) in besite oan Nyssa bringe om de ûnrêst en ûntefredenens oer Gregoarius del te bêdzjen. Yn 375 rôp Desmothenes fan Pontus in synoade byinoar yn Ancyra om ôf te rekkenjen mei Gregoarius. Hy waard beskuldige fan it fertsjusterjen fan tsjerkejild en it ûnrjochtmjittich wijen fan biskoppen en noch yn de winter fan itselde jier waard Gregoarius troch de keizerlike troepen arrestearre, mar hy wist út te piken. Gregoarius waard yn de yn 376 byinoar roppen Synoade fan Nyssa ôfset. In pear jier letter, yn 378, folge de trinitaristsyke Gratianus de pro-arianistyske Falins op as keizer en krige Gregoarius syn funksje werom as biskop. Yn itselde jier ferstoar syn broer Basilius; in soad taken fan syn eardere broer waarden oan Gregoarius oerdroegen. Nei de dea fan Basilius bleau Gregoarius trou oan de teologyske stânpunten fan syn broer en wijde er him oan de fierdere striid tsjin it arianisme.
Gregoarius wenne yn april 379 de Synoade fan Antiochje by en gyng, nei in besite oan syn stjerrende suster Markrina yn it doarp Annisa, werom nei hûs. Yn 380 reizge er nei Sebaste (Sivas) yn de provinsje Armenia Prima om in trinitaristsyke kandidaat te helpen oan in fakante biskopsfunksje. Ta syn grutte fernuvering waard hy sels keazen om biskop fan Sebaste te wurden, faaks fanwegen de populêriteit fan syn broer Basilius. Gregoarius fielde him lykwols net thús yn de Armeenske kultuer en nei't er dêr in pear moanne west hie fûnen se yn syn broer Petrus in ferfanger, dy't sûnt 381 biskop fan Sebaste wie.
Yn 381 wenne Gregoarius it Earste Konsily fan Konstantinopel by. Nei alle gedachten hold er dêr syn ferneamde preek In suam ordinationem. De ynfloed fan Gregoarius yn de Gryksk-sprekkende tsjerke wie tige grut en hy droech by oan de oerwinning fan de otterdoksy. It konsylje stjoerde Gregoarius op missy nei Araabje, mooglik om yn Bostra te bemiddeljen by in konflikt tusken twa manlju, Agapius en Badagius, dy't alle twa de biskopssit opeasken. Ek reizge er nei Jeruzalim om dêr te bemiddeljen yn in tsjerklik konflikt. Gregoarius hie net in soad súkses yn it besykjen de rêst del te bêdzjen en him waard ferwiten ûnotterdoksk te tinken oer de natuer fan Kristus. Letter hied er as biskop yn Nyssa in soad strideraasje mei syn metropolyt, Helladius. Gregoarius wie ek wer oanwêzich by de synoade fan 394 yn Konstantinopel om dêr te praten oer de oanhâldende swierrichheden yn Bostra.
Theosebia ferstoar yn 385. It houlik mei Gregoarius soe oant har dea bestean bliuwe, wat yn dy tiid yn de tsjerke sels foar in biskop noch mooglik wie. It is net bekend wannear't Gregoarius ferstoar.
Wurk
bewurkje seksjeTa syn grutte literêre wurken hearre ynterpretaasjes fan û.o. Genesis, it Heechliet, de Psalmen, de preker Salomo, it Us-Heit en de Sillichsprekkings. Wichtich is ek syn tekst oer de Siel en de Opstanning en de Antirrheticus tsjin Apolinarius fan Laodicea. Ien fan Gregoarius' wichtichste ferhannelings is de striidtekst "Tsjin Eunomius", wêryn't er de belidenis fan Nicea ferdigenet. Ek skreau Gregoarius in tal grêfredes en binne guon brieven fan him bewarre bleaun.
Gregoarius wurdt tradisjoneel as in otterdokske trinitaristyske teolooch beskôge, dy't beynfloede wie troch it neoplatonisme fan Plotinus. Neffens de lear fan Origenes leaude er yn in universele ferlossing. Dochs is Gregoarius as tinker dreech te klassifisearjen en in soad ûnderdielen fan syn teology binne sawol ûnder eastersk-otterdokske teologen as yn de westerske akademyske wittenskip in punt fan strideraasje, itjinge fakentiden te witen is troch it brek oan systematyske struktuer en de oanwêzigens fan terminiologyske tsinstridichheden yn it wurk fan Gregoaroius.
Feestdei
bewurkje seksjeDe eastersk-otterdokske en eastersk-katolike tsjerken betinke Gregoarius op 10 jannewaris. It Martyrologium Romanum betinkt Gregoarius op 9 maart, mar op de moderne roomsk-katolike kalinders dêr't Gregoarius neamd wurdt, lykas dy fan de benediktinen, wurdt ek 10 jannewaris oanholden. De Anglikaanske Tsjerke betinkt Gregoarius op 19 july.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Gregory of Nyssa
|