Sint-Willibrordustsjerke (Ter Apel)

De Sint-Willibrordustsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn it Grinslânske doarp Ter Apel.

Sint-Willibrordustsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerwâlde
adres Hoofdstraat 75
9561 JD Ter Apel
koördinaten 52° 52' N 7° 03' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Grins-Ljouwert
patroanhillige Willibrord
Arsjitektuer
arsjitekt Alfred Tepe, Wolter te Riele
boujier 1880
boustyl neogotyk
monumintale status gjin
Webside
www.heiligkruisparochie.nl
Kaart
Sint-Willibrordustsjerke (Grinslân)
Sint-Willibrordustsjerke

De neogoatyske tsjerke waard yn 1880 neffens in ûntwerp fan Alfred Tepe. De tsjerke waard yn 1924 troch Wolter te Riele útwreide. Te Riele's útwreiding hat bredere sydskippen.

De Willibrordustsjerke is in trijeskippige halletsjerke, wat betsjut dat de sydskippen like heech binne as it middenskip.

Yn it koer stiet it orizjinele houten heechalter út Münster. De brânskildere ramen binne fan Heinrich Geuer út Utert.

Yn 'e tsjerke binne yn 'e jierren 1982-1985 13 brânskildere ramen set út de ôfbrutsen katedraal fan Grins oan it Broerplein. De ramen binne oarspronklik makke yn Roermond en Münster.

It tsjerkeoargel is oarspronklik yn 1891 troch John Nicholson foar de eardere St. Saviour's Anglican Church yn Reading boud. Yn 1992 ferhûze it oargel nei de Sint-Liudgertsjerke fan Lichtenvoorde. Doe't dy tsjerke yn 2002 sletten waard, restaurearre F.R. Feenstra út Gruttegast it oargel en boude it yn Ter Apel wer op. Yn 'e rin fan 'e skiednis is der hast neat oan it oarspronklike oargel feroare.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: