Sipko Basseleur
Frysk politikus
Sipko Basseleur (Boalsert, 10 april 1746 - Ljouwert, 8 novimber 1831) wie in jurist. Basseleur wie yn de Fryske Steaten haad fan de ultra-konservativen. Oant 1773 wie er anty-prinsgesind mar letter sterk foar de prins. Hy wie yn 1776 opsteller fan de saneamde Bloedplakkaten. Tusken 1795 - 1814 wie er abbekaat, dêrnei lid fan Provinsjale Steaten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Basseleur, Sipko. |