Sjadrinsk
Sjadrinsk (Russysk: Ша́дринск) is in stêd yn de oblast Koergan, Ruslân. De stêd leit oan de lofter kant fan de Iset (yn it Ob-bekken), op 146 kilometer noardwestlik fan de oblasthaadstêd Koergan.
Sjadrinsk | |
---|---|
Stedhûs | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast (prov.) | Koergan |
Sifers | |
Ynwennertal | 74.400 (2021) |
Oerflak | 171,5 km² |
Befolkingstichtens | 428,42 ynw./km² |
Hichte | 80 m (sintrum) |
Oar | |
Stifting | Stifting: 1662 Stêd: 1781 |
Tiidsône | UTC +5 |
Simmertiid | gjin simmertiid |
Koördinaten | 56° 05' N 63° 38' E |
Webside | shadrinsk-city.ru |
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1662 waard it plak as de ostrog Sjadrinski (houten fort) boud ûnder Aleksej I. Eartiids waard dêr ien fan de grutste merken yn de Oeral holden. Sjadrinsk krige yn 1781 de status fan stêd. Fral yn de 19e iuw ûntjoech it plak him as in wichtich sintrum foar it efterlân fan de Oeral fan ambachten, hannel en kultuer.
Tsjin it ein fan de 19e iuw rekke de fleur der wat út; de stêd krige ynearsten gjin oansluting op it spoar en beide takken fan it Trans-Sibearyske spoar (súdlik oer Tsjeljabinsk en noardlik oer Jekaterineburch-Tjûmen) omsilen it plak. Mar yn oktober 1913 krige ek Sjadrinsk in spoarferbining, dy't yn 1933 opwurdearre waard en in direkte oansluting krige op de Trans-Sibearyske ferbining Jekaterineburch-Koergan.
Bestjoer
bewurkje seksjeSjadrinsk is in stedsdistrikt yn de oblast Koergan. Dêrnjonken is it ek it bestjoerlik sintrum foar it Sjadrinski rajon, ek al makket de stêd dêr sels gjin diel fan út.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sjadrinsk fan Wikimedia Commons. |