Sjarade
In sjarade, ek: charade (fan it Frânske charade) is in riedsel yn fersfoarm. Neist de bestjutting fan de losse wurdlidden (of gedieltlike wurden) fan in te rieden wurd wurdt ek it hiele wurd beskreaun.
Sjarades wurde meast fûn op plakken mei soartgelikense taalboarterijen lykas anagram, letter- en siferpuzel, homonym, logogryf of palindroam. Ofhinklik fan it tal wurdlidden kin ûnderskied makke wurde tusken sjarades fan twa, trije en fjouwer wurdlidden.
Talen mei in soad gearstalde wurden liene har goed foar sjarades.
Oarsprong
bewurkje seksjeDe oarsprong fan it wurd charade is ûnwis, mar kin sjoen wurde as ôflieding fan it Keltyske chwar (spul). [1] Sjarades waarden as in foarm fan literêre riedling yn de 18e iuw populêr yn Frsnkryk. Yn de twadde helte fan dy iuw waard de term 'charade' yn it Ingelsk liend út it Frânsk. De 'charade' wie yn Nederlân yn de njoggentsjinde iuw en yn de earste helte fan de tweintichste iuw populêr. [2] Charades wiene rjochte op bern en ferskynden yn tydskriften en boeken. Yn Frankryk en Itaalje ferwiist it wurd 'poppekast' noch altyd nei dit riedingsoarte. [3]
Neist wurdsjarades binne der ek byld- en silhûetsjarades. De wurdlidden en it wurd binne dan ferfongen troch ôfbylden of silhûetten. Dan is sprake fan libbene sjarades. De mimysk útspile sjarades waarden út Frankryk wei oernomd troch de Ingelske hegerein. Aktearre sjarades wurde bygelyks beskreaun yn William Thackeray syn Vanity Fair en yn Charlotte Brontë har Jane Eyre. Yn Nederlân waard de teäterfoarm fan charade yn de tweintichste iuw bekend as telefysjespultsje Hints, dat yn Ingelân Charades neamd wurdt.
Twa foarbylden fan in sjarade, it ûnderwerp sprekt:
|
|
|
Logogryf
bewurkje seksjeBesibbe oan de sjarade is de logogryf (Gryksk: logos (wurd, fgl. logika) + griphos (net, strikfraach, riedsel). [8] In logogryf is in riedselsftige omskriuwing dêr’t in wurd rieden wurde moat. Yn in riedseleftige gbeskriuwing wurdt ek oanjûn op hokker plak guon letters fan it wurd steane. [9] Guon letters fan it sochte wurd wurde dan dus nûmere.
Foarbyld fan in logogryf:
- Sân letters foarmje myn gehiel,
- Bin’ mei elkoarren myn portret
- Der lykje mear as in soad fan my te wêzen
- Mar ‘k bin gjin frjemde fûgel.
- sûnder ein bin ik in gâns
- Sûnder twa bin ik in skilder
- Doch ik promoasje foar in wetterbist
- sûnder 2, 4 en 5 wurd ik optein
- 5, 6, 7 en ien dy steane op de klaai
- Mar komt 3 trije tusken 5 en 6,7
- Dan sjocht elts wol by my op [10]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|