Sjitgat
In sjitgat is in iepening yn in muorre fan in kastiel, festing of bunker dêr't troch sketten wurde kin op de fijân. It is ek om relatyf feilich de fijân beglûpe te kinnen.
Omdat foar spionearjen in sa lyts mooglike iepening winsklik is, hat de grutte fan wapens de grutte fan de sjitgatten bepaald. By kombinaasje fan bespionearring en besjitting mei in kanon, bestie de iepening út in langwerpige iepening yn kombinaasje mei in rûne iepening om troch te sjitten. Yn it gefal fan bespionearring en besjitting mei in pylk-en-bôge of in gewear koe folstien wurde mei in langwerpige iepening. De grutste sjitiepeningen waarden lykwols realisearre by it loftôfwargeskut yn de bunkers sa't dy meast tapast waarden yn de Atlantikwall.
-
Rjochthoekich sjietgat
-
Sjitgat yn in bunker út de Twadde Wrâldoarloch
-
Raam fan kastiel Windsor
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Embrasures fan Wikimedia Commons. |