Sjoerd Vening Meinesz

Sjoerd Anne Vening Meinesz (Harns, 20 febrewaris 1833 - Leusden, 26 desimber 1909) wie in Nederlânsk politikus en sjoernalist. Hy wie boargemaster fan de gemeente Rotterdam fan 1881 oant 1891 en fan de gemeente Amsterdam 1891 oant 1901. Yn de gemeente Rotterdam wie hy noch boargemaster ûnder de namme Meinesz. Yn 1892 krige hy, by Keninklik Beslút tastimming om de namme 'Vening' oan syn efternamme 'Meinesz' ta te heakjen. Vening wie de efternamme fan syn mem.

Sjoerd Anne Vening Meines

Vening Meinesz wie in liberaal bestjoerder en politikus. Hy begûn syn karriêre as haadredakteur fan it Algemeen Handelsblad en waard letter boargemaster. Dêrneist wie er ek lid fan sawol de Earste as de Twadde Kamer, wat destiids noch te kombinearjen wie. Yn 1869 waard hy wethâlder fan finânsjen yn de haadstêd, mar moast ôftrede doe't hy mei de dochter fan boargemaster Den Tex troude. As boargemaster fierde hy yn beide stêden it bewâld mei fêste hân. Hy wie in oanhinger fan de konservatyf liberale streaming, dy't yn de keamers oer útienrinnende saken spruts.

Ien fan syn bern is de bekende geofysikus professor Felix Vening Meinesz. Hy wie de oerpake fan de lettere masterkreaker Aage Meinesz mei syn "termyske lans".

Yn Rotterdam is in strjitte, in leane en in plein nei him neamd. Amsterdam hat him eare mei in leane, de boargemaster Veningleane.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: