Sjoukje Ultzen
Sjoukje Ultzen (Ljouwert, 18 april 1936) is in byldzjend keunstner. Se krige har oplieding oan de ABK Vredeman de Vries yn Ljouwert. Har earste wurk út 1987 wienen ambachtlike bylden dy't faak in anekdoatysk útgongspunt.
Sjoukje Ultzen wol de minsklike emoasje en relaasjes útbyldzje op sa'n wize dat men ta de kearn komt. It weilitten fan details moat dêrby helpe. It binne faak lange slanke foarmen mei in eigen sinjatuer. Har meast figurative wurk is faak fan brûns. Se wurket ek yn opdracht.
Ultzen hie û.o. eksposysjes yn Galery Goutum, It Hannemahûs en ferskate plysjeburo's. Wurk is oankocht troch bedriuwen en partikulieren mar ek troch de gemeente Ljouwert, de feriening Doarpsrûnte yn Ysbrechtum en de fâden fan it Poptaslot te Marsum.
-
Mystic Woman
-
Tegearre
-
Moeting
-
Still Going On
-
Wurk yn de Openbare Bibliotheek fan Amsterdam (OBA), 2017
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sjoukje Ultzen fan Wikimedia Commons. |