Skânsterpolder
De partikuliere Skânsterpolder, ek wol Hearrenwâlster Polder, Polder efter de Hearrewâl of Nijehasker Polder neamd, wie in polder yn de gemeente Haskerlân tichtby Nijehaske en It Hearrenfean.
Skânsterpolder | ||
bysûnderheden | ||
oerflak | 49 ha | |
drûchlein | 1797 |
De polder wie in troch de lânynlizzenden oprjochte bestjoersorgaan fan 1797 oant sirka 1961. De lâneigeners besleaten ta reglemintearjen fan in polderbestjoer yn 1797 en sleaten dêrom in kontrakt. De polder hie in oerflak fan sa'n 49 bunder. Tusken 1812 en 1857 waard de polder ûnderhâldsplichtich foar de Jousterdyk. Dy plicht waard ôfkocht. De polder hie in mole, dy 't yn 1865 fernijd waard en yn 1940 ferfongen waard troch in wynmotor. Yn 1961 waard de bemealing nei ruilverkaveling regele troch de feanpolder de Grutte Sint Jânsgeasterfeanpolder, dy't ek de belesting hefte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |