Skagen (Denemark)

Skagen is it meast noardlike plak fan Denemark en leit oan de noardeastkust fan Jutlân. Yn 2007 waard de gemeente Skagen opnaam yn de gemeente Frederikshavn. De eardere gemeente Skagen hie op 1 jannewaris 2000 12.691 ynwenners en besloech 143 km2.

Skagen
Bestjoer
Lân Denemark
Regio Noard-Jutlân
Gemeente Frederikshaven
Sifers
Ynwennertal 8.515 (2011)
Oerflak 143 km²
Befolkingsticht. 60 / km²
Oar
Tiidsône CET (UTC + 1)
Koördinaten
Offisjele webside
www.skagen.dk
Skagens fjoertoer oan it Kattegat
De "tilsandede kirke"

Noardlik fan Skagen komme de Noardsee (Skagerrak) en it Kattegat byelkoar by de lânpunt Grenen; de botsende weagen jouwe de see in rûch oansjen. Under Grenen stiet de fjoertoer fan Skagen, Skagen Fyr, dy't de heechste fan Denemark is.

It bysûndere ljocht en it pittoreske lânskip om Skagen hinne luts oan de ein fan de 19e iuw in tal keunstners oan, ûnder oaren de keunstskilders (Skagensmalerne) Peder Severin Krøyer, Michael Ancher en Anna Ancher, en de skriuwers Georg Brandes, Holger Drachmann en Henrik Pontoppidan. It Skagens Museum, it eardere hûs en atelier fan it pear Ancher hat wurk fan dy keunstners yn de kolleksje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje