Skarster Rienbrêge

De Skarster Rienbrêge is in brêge út 1971 yn de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer op de hichte fan Skarsterbrêge oer de Skarster Rien.

Skarster Rienbrêge

It fêste gedielte fan dizze brêge oer de Skarster Rien hat in trochfearthichte fan 3,50 meter. It iepenjen fan de brêge liedet, meast yn de simmermoannen, ta files foar it weiferkear.