Skelettekust
De Skelettekust is de kustline fan de Namyb woastine tusken de rivier de Kunene en de grins fan Angoala en Namybje yn it noarden en it Swakopmund yn it suden. De namme wurdt ek wol brûkt foar it heule stik kust fan de Namyb-woastine. De boskjesminsken yn Namybje nimme it stik lân ek wol it lân dat God makke hat doe’t der lilk wie, Portegeeske silers neamden it eartiids wol ‘De poarten fan de hel’.
Geologysk sjoen heart it grutste part fan de Skelettekust, mei in âlderdom fan 1,5 miljard jier, ta de âldste stienformaasjes fan de wrâld.
De kombinaasje fan dize, in fûle brâning en streamingen (de Benguelastream) makket de Skelettekust in gefaarlike gebiet foar de seefeart, mar ek foar walfisken. De Skelettekust is oerspield mei tûzenen skipswrakken. Seelju dy’t de kust libjend berikke, hawwe yn de woastyn gjin inkelde kâns om te oerlibjen.
De namme fan it goa komt fan walfisk- en seehûne bonken dy’t rûnom oer it strân leinen yn de tiid fan de jacht op walfisken. Ek lizze der tal fan skipswrakken dy’t oanspield binne. Mear as tûzen boaten lizze der op de kust. Ferneamde skipswrakken binne de Eduard Bohlen, de Otavi, de Dunedin Star en de Tong Taw.
De kust is oer it grutste part flak, mei sa no en dan stienformaasjes. It súdlike part bestiet út stikken grind, it noardlik part út hege sândunen.
Bewiis fan bewenning yn it ferline, yn de foarm fan it Strânrinner folk, is bewezen troch de fynsten fan ôffalbulten yn parten fan de Skelettekust.
Floara en fauna
bewurkje seksjeIt noardlik part fan de Skeletttekust is in nasjonaal park, de Skeleton Coast Park. It park lûkt him út oer 500 kilometer tusken de rivieren Ugab en Kunene. It is sa’n 16.000 kante kilometer grut. It noardlik part fan it park is útroppen as wyldgebiet.
De see foar de Skelettekust is tige ryk oan fisk. Dizze fiskrykdom hat oan de Skelettekust grutte koloanjes Kaapske Pelsrobben oanlutsen. By Kaap Krús is in koloanje fan wol 80.000 oant 200.000 robben.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Stik oer de Skelettekust
- (ned) De Skelettekust
- (in) Bisten fan de Skelettekust