Skelte fan Aysma
Skelte Hotzes fan Aysma (Bitgum, om 1578 - Breda, 23 augustus 1637) wie in Frysk militêr, dy't wierskynlik berne waard op Aysma State yn Bitgum.
Hy wenne yn Skettens op de Osinga State, dy't er troch it houlik yn 1612 mei Tjemck fan Osinga krige hie. Hy wie militêr yn it Steatske leger (fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen) en stoar by it belis fan Breda op 23 augustus 1637 yn it militêr hospitaal yn Geertruidenberg[1]. Skelte waard beneamd ta kolonel op 16 jannewaris 1637, yn it jier fan syn ferstjerren. Hy hie doe goed 40 jier tsjinne.
Skelte fan Aysma kaam út in aadlik laach, dat iuwenlang ofsieren fuortbrocht hat. Nei syn ferstjerren waard er beïerdige yn de Herfoarme tsjerke fan Skettens ûnder in mânske grêfsark dy't noch altyd oanwêzich is.[2] Syn frou Tjemck fan Osinga waard njonken him byset. Yn 2017 waard by in restauraasje de grêfkelder bleatlein. It die doe bliken dat der nog trije oare minsken byset wiene, wierskynlik famyljeleden.
Fan Aysma syn helm en degen hawwe de iuwen trochstien en hongen fan ein 19e iuw ôf yn de nije toer fan de tsjerke. Begjin 2016 binne se yn brûklien jûn oan it Nationaal Militair Museum te Soest en kaam der in 3D-kopy foar werom yn de tsjerke.[3].
In Skettens waard er yn in strjitnamme ferneamd: de Skelte van Aysmastrjitte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|