Skerfeart
De Skerfeart is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De feart rint fan de Skerstins besuden Garyp nei it suden en rint út yn de Earnewarrepoel by de Feantersdyk west fan Sigerswâld.
De namme Skerfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Scharvaart.