Skiersleat
De Skiersleat is in feart yn de gemeente Dantumadiel. De sleat rint fan It Houtwiel benoarden Feanwâlden nei it noarden en rint njonken de Boargemaster Nautawei troch oant de krusing mei de Bûtenfjildwei. Oan de eastside leit polder de Bomriden.
De namme Skiersleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Schiersloot.