Skipsleat (Steggerda)
De Skipsleat (Stellingwerfsk en offisjeel: Schipsloot) is in feart yn de gemeente Weststellingwerf. De Schipsleat rint fan de Turfhoekwei besuden Finkegea nei it easten, rjochting Steggerda oan de Vaartweg ta. It Karkebos leit oan de Schipsloot.
De namme Schipsloot jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Veenvaart.