Skjirresliper
In skjirresliper of skearsliper is ien dy 't by de doarren lâns giet om skjirren en messen te slypjen. Ek it slypjen fan redens heart ta syn wurksumheden.
De skjirresliper hat op in grutte hânkarre, soms in bakfyts, alle ark dat nedich is, foarhannen. De slypstiennen en - bannen wurde oandreaun mei in pedaal, letter ek wol mei in disel- of benzinemotorke. Slypstiennen wurde al sûnt de âldheid brûkt om metalen ark te slypjen. Se wiene meastentiids makke fan sânstien.
Hjoed-de-dei is it berop fan skjirresliper hast hielendal ferdwûn. Troch de komst fan ûnderhâldsearm ark en it gemak wêrmei 't je nije materialen oanskaffe kinne om de âlde te ferfangen, is de skearesliper oerstallich wurden.
-
Skjirresliper (Afilador) yn Buenos Aires, 1870
-
Skjirresliper yn Amsterdam, om 1930 hinne
-
In skjirresliper út Middelharnis
Keppeling om utens
bewurkje seksje- 12 Eeuwen scharensliep Youtube (De histoarje fan de skjirresliper, 12 iuwen ûntwikkeling fan ienfâldige slypstien nei de pompeuze skjirresliepkarren út ús jierren 70 fan de foarige iuw.)