Skob

(Trochferwiisd fan Skobbe)

In skob of skobbe (Latyn: squama) is in lyts, stiif plaatsje fan hoarnstof (keratine) of fan in oare, hoarneftige stof, dy't út 'e hûd fan beskate libbene wêzens groeit mei as doel om dy wêzens beskerming te bieden.

De skobben op 'e poaten fan in reuzesee-earn (Haliaeetus pelagicus).

Skobben komme oer frijwol it hiele lichem foar by fisken en by de measte reptilen; by fûgels op 'e poaten; en by ynsekten op ferskate plakken fan it lichem. Sa sitte se by flinters en motten op 'e wjukken en soargje dêr foar de felle kleuren (by flinters) of kamûflaazje (by motten). Ek komme se (oer hast it hiele lichem) foar by in lytse groep sûchdieren: de skobbedieren. By bienfisken, hagedissen, slangen en skobbedieren oerlaapje de skobben inoar; by kreakbienfisken (haaien en roggen) en krokkedillen oerlaapje se inoar krekt net. Men giet derfan út dat de skobben fan skobbedieren har ûntwikkele hawwe út hier, wylst de fearren fan fûgels ek út skobben ûntstien wêze moatte.

Njonken biologyske skobben besteane der ek neimakke foarmen fan skobben. Sa hiene in protte iere wapenrissen ek skobben, dy't letter ferfongen waarden troch maljen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.