Skotske See
De Skotske See is in diel fan 'e Atlantyske Oseaan dat alle wetters foar de westkust fan Skotlân omfiemet. De Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje neamt dizze see de "Binnenseeën foar de Westkust fan Skotlân". De Skotske See wurdt begrinzge troch de westkust fan Skotlân yn it easten, de Bûtenste Hebriden yn it noarden en noardwesten en de noardkust fan Noard-Ierlân en de Ierske Republyk yn it suden en súdeasten.
Skotske See | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | foar de westkust fan Skotlân | |
lân | Feriene Keninkryk Ierlân | |
ûnderdiel fan | Atlantyske Oseaan |
Ta de Skotske See wurde rekkene:
- de Minch (en de Lytse Minch)
- de Strjitte fan Harris
- de Binnenste Seestrjitte
- de See fan de Hebriden
- de Firth fan Lorn
- de Strjitte fan Jura
- de Firth fan Clyde
- de Belfast Lough
- it Noarderkanaal
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |