Scouting yn Fryslân

(Trochferwiisd fan Skouting yn Fryslân)

Scouting yn Fryslân bestiet al sûnt 1911. Scouting yn Fryslân wurdt fertsjintwurdige troch Scouting Regio Fryslân, mar dizze regio set net de hiele tradysje fuort fan Scouting yn Fryslân.

Ynsynje yn foarm fan Fryske flagge op it scoutingunifoarm Fryske skout

Scouting yn Fryslân begûn yn 1911 doe de earste skouts (doe paadfynders) tegearre in groep oprjochten, de ynstallaasje fan de jonges fûn plak yn it Oranjehotel yn Ljouwert op 10 juny 1911. De âldste besteande scoutinggroep yn Fryslân is Burmania ut Ljouwert, dizze groep is offisjeel ynskreaun yn 1928.

It begjin (1911 - 1939)

bewurkje seksje

Scouting ferspried har rap yn Fryslân, lykas dat yn 'e hiele wrâld bart. Rûnom wurde groepen oprjochte en der wurde lanlike regels en ferienings opset om Scouting yn goeie banen te lieden.

In oantal Fryske Skouts giet ek nei de 5e Wrâld Jamboree dy’t hâlden wurdt yn 1938 yn Vogelenzang by Bloemendaal, Nederlân.

Twadde Wrâldkriich (1940 – 1945)

bewurkje seksje

De Twadde Wrâldkriich brekt út en Scouting wurdt al gau ferbean. Sa is yn de Ljouwerter Krante te lêzen op 9 april 1941:

"Padvindersorganisaties ontbonden en verboden - Krachtens verordening van den Rijkscommissaris werden door de veiligheidspolitie de gezamenlijke padvindersorganisaties in het bezette Nederlandsche gebied ontbonden en verboden. De Nederlandsche padvinders, die een deel waren van de internationale Boy-scouts beweging en centraal uit het internationale padvindersbureau te Londen geleid werden, waren een actief Instrument der Britsche cultureele en politieke propaganda. Ook na de bezetting werd tegen de belangen van het Duitsche rijk gerichte werkzaamheden voortgezet. Daar de Nederlandsche padvinders, wier leiding eenzijdig op Engeland was ingesteld, ontdanks uitdrukkelijk verbod van talrijke tochten en voorbereidend-militaire oefeningen hielden, zijn de van het standpunt der bezettende macht niet duldbare padvindersorganisatie ontbonden."

It boppesteande stik jout it begjin fan de brutaliteit tsjin Scouting oan ûnder de besetting fan de Dútsers. De dagen foarôfgeand oan dit stik yn de Ljouwerter Krante hâlden de Nasjonale scoutingorganisaasjes en de top fan de Nasjonale Jeugdstoarm oerlis. Dit rûn op neat út trochdat de scoutingorganisaasje wegeren te yntegrearjen yn de Nasjonale Jeugdstoarm. Scouting wurdt sjoen as in bedriging en wurdt ferbean. Scoutingunifoarmen en oare scouting attributen wurde ynnaam foar de Nasjonale Jeugdstoarm en de Hitler-Jongerein (Dútsk: Hitler-Jugend). Hiele scoutinggroepen gean hjirtroch ûndergrûns en sels yn it ferset.

1945 oant no

bewurkje seksje

Nei de kriich komme oeral skouts tefoarskyn, yn te lytse unifoarm dy se ferburgen hâlden ha foar de Dútsers. Scouting yn Fryslân is grutter as ea. Oeral wurde nije groepen oprjochte, yn in plak as It Hearrenfean sit krekt nei de kriich in tal fan scoutinggroepen.

Yn de jierren dêrnei giet it ledetal omheech en omleech. Yn grutte weach fan leden komt mei de oare Wrâld Jamboree yn Nederland, dy fan 1995 by Dronten yn Flevolân.

100 jier Scouting (1907-2007)

bewurkje seksje

It hûndertjierrich bestean fan Scouting is de Fryske Scouting fansels net ûntgien. Foar dit bysûndere jubileum is der dan ek yn it Frysk in ynsynje útkaam foar op it unifoarm. De tekst op it ynsynje (ien wrâld, ien tasizzing) is oerset út in Ingelsk (one world, one promise). It ynsynje waard útjûn troch leden fan De Borgergroep fan De Jouwer.