Skuorjen (dûnsfoarm)
Skuorjen of skjirjen, ek wol bekend ûnder de Ingelske namme grinding (útspr.: /ɡɹaindɪŋ/) of yn it Nederlânsk as schuren of bubbling, is in seksueel eksplisite dûnsfoarm wêrby't it dûnspearke ticht tsjininoar oan dûnset. De frou is mei de rêch nei har manlike dûnspartner ta posysjonearre en wriuwt har stuten yn syn krús, wylst de man syn krús foarút triuwt tsjin har stuten oan, yn imitaasje fan seksuële mienskip yn 'e doggie-style-posysje of mooglik fan anogenitale koïtus. (Uteraard kin dizze dûnsfoarm ek troch twa manlju of twa froulju útfierd wurde.)
In noch eksplisitere foarm fan dizze dûns wurdt daggering neamd. Skuorjen is nei alle gedachten ûntstien as de Amerikaanske foarm fan 'e âldere Dominikaanske dûns perreo (letterlik: "op syn hûntsjes", fan it Spaanske perro, dat fan "hûn" betsjut). It waard earst populêr yn nachtklubs yn 'e Feriene Steaten en Kanada, mar ferpleatste him yn dy lannen al rillegau nei skoalfeesten fan middelbere skoallen, dêr't in hiele rige gefallen fan bekend is wêrby't tafersjochhâlders, lykas leararen en âldelju, besocht hawwe om skuorjen te ferbieden om't se it obseen fûnen. Ut Noard-Amearika is skuorjen oerwaaid nei Jeropa en oare dielen fan 'e wrâld.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |