Skythakke
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
In skythakke of kjeldhakke is in skylde hakke as gefolch fan min passende skuon. In skythakke ûntstiet faak winterdeis. Benammen by reedriden hawwe de hakken in soad te lijen troch ûngewoane bewegings en skuon wêrby ’t in skythakke oergean kin yn in blier.[1]
Plantêre fasciitis
bewurkje seksjeSeare hakken komme faak foar by ’t winter as de bloedfetten nauwer wurde, en by minsken dy ’t lêst ha fan plantêre fasciitis. Plantêre fasciitis soarget foar pine oan de ûnderkant fan de hakke, dêr ’t in soart sineplaat sit: de fascia plantaris. Dy ferbynt de hakke mei de foarkant fan de foet en wurket as in skokbrekker en ûndersteuner fan de foetbôge. By tefolle druk op de fuotten kin it bynweefsel skansearre reitsje en sels skuorre. As dat bart kin de fascia plantaris ûntstutsen reitsje, mei seare hakken en stiifheid as gefolch.[2]
By oanhâldene hakkepine is it oan terieden om kontakt op te nimmen mei de hûsarts. Mooglike oplossings binne steunsoallen of oefeningen. [3]
Sjoch ek
bewurkje seksjeFerskaat
bewurkje seksje- Jilt Heidstra naam yn 2012 it Alvestêdetochtliet Skythakken op. [4]
- Yn it Nederlânsk betsjut de útdrukking 'met kakhielen lopen' nei lêst hawwe fan seare hakken ‘der beroaid by rinne’; kak is dan in negatyf foarheaksel. [5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|