Slach by Altenesch
De Slach by Altenesch wie de beslissende slach yn de Krústocht tsjin de Stedingers yn Bûtjadingen. De fjildslach barde op 27 maaie 1234 yn Altenesch, in diel fan de hjoeddeiske gemeente Lemwerder, tsien kilometer noardwest fan Bremen.
Skiednis
bewurkje seksjeYn de slach stiene de Stedinger boeren tsjinoer it krústochtleger fan Gerard II, de aartsbiskop fan Bremen, en syn bûnsmaten. It wie de ienige krústocht op it grûngebiet fan it hjoeddeistige Dútslân. De slach einige yn in oerwinning foar it leger fan de biskop.
Earbetoan oan de sneuvele Friezen
bewurkje seksjeYn 1834 waard op it plak, dêr’t de slach 600 jier earder bard wêze soe, troch in pleatslike geastlike in jitizeren monumint oprjochte, wijd oan Sint-Fitus. Op it monumint stiet de tekst: Den im Kampfe für Freiheit und Glauben auf diesem Schlachtfelde gefallenen Stedingern. Am 27. Mai 1234 unterlag den mächtigen Feinden das tapfere Volk. Bolko von Bardenfleth, Thammo von Huntorp, Detmar vom Dieke fielen mit ihren Brüdern. Am Jahrestag der Schlacht 1834 geweihet von späten Nachkommen.
Ut de tekst fan it monumint blykt dus in sympaty mei de Stedinger boeren. Dat blykt ek út it feit, dat yn Grollân, in stedsdiel fan Bremen dat oan de súdkant fan de Wezer leit en yn it eardere gebiet fan de Stedinger boeren, nei de boerelieders Bolko von Bardenfleth, Thammo von Huntorp en Detmar vom Dieke strjitten neamd binne, tichtby in strjitte dy’t ek wer Stedingsehre hjit.
It monumint krige al gau nei pleatsing de bynamme Stedingsehre.
Nazistysk kultusplak
bewurkje seksjeIt feit, dat de slach 700 jier lyn barde, waard troch de nazy's yn 1934 brûkt om yn it 10 km fan Altenesch lizzende Bookholzberg, gemeente Ganderkesee, ten suden fan Bremen, in "nazy-kultusplak" mei de namme Stedingsehre yn te rjochtsjen. Dat bestie út in iepenloftteäter, troch de nazy's Thingstätte neamd, dêr’t ûnder oare yn 1935 en 1937 foar it each fan tsientûzenen taskôgers saneamde Thingspiele holden waarden. Dat wiene toanielstikken, wêryn’t de deugden fan de Germaanske foarâlden, en yn it bysûnder de noarmen en wearden fan de Blut und Boden-ideology ferhearlike waarden. Yn 1939 wier der noch in nazistysk simmer-sinnewendefeest. Om it plak fan dit theater waard ek in doarp yn Ald-Dútske styl neiboud. Dêrfan gie de doarpstjerke yn de Twadde Wrâldoarloch troch in alliëard bombardemint ferlern. Nei 1945 bleau in diel fan it kompleks bewarre. It hiele terrein is, ta foarkomming fan ûnwinsklike besite troch benammen neo-nazy's, strang ferbean foar ûnbefoegden. Yn de gebouwen sit no ien fan de mear as 20 Dútske Berufsförderungswerke. In Berufsförderungswerk is in ynstelling, dêr’t lichaamlik en/of ferstanlik beheinden neffens in oanpast opliedings- en treningsprogramma oplieding krije foar in folweardich berop.
-
St.-Fitusmonumint yn Altenesch
-
St.-Fitusmonumint, ynformaasjeboerd, 1984
-
Restant, û.a. tribune, fan it Stedingsehre-terrein (2010)