Slach by Megiddo
De Slach by Megiddo wie in slach yn de 15e iuw foar Kristus tusken it Egyptyske ryk fan Tûtmoses III en in Kanaänityske koalysje ûnder lieding fan de prins fan Kadesj, wêrby't Tutmoses úteinlik wûn neidat er de stêd Megiddo oermastere hie. De slach is beskreaun troch de militêre skriuwer Tjaneni op de muorren fan de Timpel fan Amon. Dizze slach is de earste yn de wrâldskiednis wêrfan in beskriuwing bewarre bleaun is.
Oanrin
bewurkje seksjeTûtmoses I hie Syrje ûnder it Egyptyske gesach brocht. Dy krite wie wichtich fanwege de hannelsrûtes en de houtfoarried. Nei de dea fan Hatsjepsoet foarme de lieder fan Kadesj in koalysje tsjin Egypte mei de kening fan Megiddo en krige stipe fan de kening fan Mitanni.
Slach fan Megiddo
bewurkje seksjeYn it twaentweintichste jier fan syn regear, noch gjin jier nei de dea fan Hatsjepsoet, ferliet Tûtmoses III Egypte mei syn leger om de opstannige stêden werom te pakken. Yn it trijentweintichste jier fan syn regear kaam hy oan yn Gaza. Dêr gie hy fierder it lân yn, nei Yehem, wêrby't hy de kar hie út trije rûtes: in súdlike rûte troch Taanach, in noardlike rûte troch Djefty of de koartste de Aroene wie. Dizze lêste wie smel en ideaal foar in mûklaach.
Tûtmoses naam de koartste rûte al seinen syn generaals dat er omgean moast. Nei trije dagen marsjearen troch de fallei kamen se oan by it fijanlike kamp. De frontale oanfal kaam de fijân oer it mot, dat hy waard dan ek ferslein. In soad fan harren flechten nei de stêd Megiddo. Mar de ynwenners seagen dat de Egyptners harren efternei kamen, dêrom hâlden sy de poarte ticht. Wol lieten se klean del sadat de soldaten op de muorre klimme koenen. Omdat de Egyptyske troepen it kamp fan de fijân plonderen, koenen wilens in soad soldaten de stêd feilich berikke, ek de kening fan Kadesj en Megiddo. Megiddo waard wol omsingele troch Egyptyske soldaten.
Belegering fan Megiddo
bewurkje seksjeDe farao liet syn soldaten marsjeare troch it opstannige lân en allegear erkenden se syn gesach. De stêd Megiddo joech lykwols gjin belies. Uteinlik waard de stêd nei sân moanne fjochtsjen ynnaam. De bút dy’t de Egyptenaren meinamen bestie út 340 finzenen, 924 striidweinen, 200 stiks wapenútrêstingen, 502 bôgen, 2238 hynders, 129 stiks fee en 22.500 oare bisten.
Gefolch
bewurkje seksjeMei de fal fan Megiddo waard it noarden fan Palestina alhiel oermastere en ek it suden fan Syrje. It hiele gebiet oant Kadesj wie ûnder kontrôle kaam fan de farao en de lokale hearskers stjoerden harren opfolgers as finzene nei Egypte wêr’t se op Egyptyske wize opfieden waarden. De foarst fan Kadesj ûntkaam, mar yn 1461 f.Kr. waard ek Kadesj oermastere en inkele jierren letter stuts Tutmoses de Eufraat oer en fersloech hy de Mitanni.
Armageddon
bewurkje seksjeMegiddo soe noch ferskeidene kearen it toaniel wêze fan ynternasjonale fjildslaggen yn 609 f.Kr. en yn 1918. Yn de bibel seit Johannes dat de keningen fan de wrâld de lêste slach leverje sille tsjin God: Armageddon of Har Megiddon, de berch fan Megiddo.
Boarnen en literatuer
bewurkje seksje- Grapow H., Studien zu den Annalen Thutmosis des dritten und zu ihnen verwandten historischen Berichten des Neuen Reiches, 1949
- Nelson H., The battle of Megiddo, 1913
- Redford D., Wars in Syria and Palestine of Thutmose III, 2003
- Spallinger A., Some notes on the Battle of Megiddo and reflections on Egyptian military writing, MDAIK, 1974, 221-229.
- Keegan, John, A history of warfare, Hutchinson, Londen, 1993.