Mitanny
Mitanny of Mittany (yn Assyryske boarnen Hanilgalbat, Khanigalbat) wie in Hurritysk keninkryk yn noard-Syrje fan likernôch 15 iuwen foar Kristus ôf.
De oanwêzigens fan de Hurriten yn dy lannen kin al oanwiisd wurde foar de Agade perioade yn Mesopotaamje, om de 24e iuw f.Kr., wat ôflaat wurdt út Hurrityske nammen dy’t net Akkadysk en ek net Sumearysk binne. Tagelyk mei de opkomst fan de Amoriten hienen de Hurriten grutte ynfloed yn it noarden fan Mesopotaamje. Ien fan de Hurrityske keninkriken wie Mitanny.
De namme Mitanny waard brûkt as geografyske namme foar it gebiet tusken de Khabur en de Eufraat yn neo-Assyryske tiden. Hetityske kroaniken hawwe it oer meardere Hurrityske lannen en oer ferdraggen mei harren.
Geografy
bewurkje seksjeMittanny yn Noard-Mesopetaanje rikte fan Nuzy (hjoeddeisk Kirkûk) en de Tigris yn it easten, oant Aleppo en it midden fan Syrje yn it westen. Yn it sintrum lei de Khaburfallei, mei twa haadstêden: Taite en Washkuanny, neamd Taidu en Ushshukana yn Assyryske boarnen. Yn it hiele gebiet kin sûnder yrrigaasje oan lânbou dien wurde; kij, skiep en geiten waarden hâlden.
Skiednis
bewurkje seksjeOant hjoed de dei binne der gjin eigen boarnen foar de skiednis fan de Mitanny fûn; wat no bekend is komt fan Assyryske, Hettityske of Egyptyske boarnen. Dat is lykwols net folle, dat faak is it net iens mooglik om lyktidigens tusken de hearskers fan ferskillende lannen en stêden fêst te stellen; persize datums kinne dan al hielendal net fûn wurde. In fierder probleem by de ynterpretaasje fan de boarnen is dat der gjin ferskil makke wurde tusken de steatkundige, folkekundige en taalkundige groepen.
Eartiids naam men oan dat der in grutte Yndo-Iraanske ynfloed wie op de Mitanny. Dy teory is hjoed de dei net gongber mear. De Russyske taalkundige Igor Diakonov hat twadde helte 20e iuw oantoand dat dizze teory basearre is op minder as tritich wurden, wylst de Hurriaanske teksten yn de tsientûzenen wurden rinne. Ien fan de nammen dy't de Egyptenaren brûkten foar Mitanny wie "Maryannu", dêr't fan oannaam waard dat it Yndo-Iranysk wie. Nei alle gedachten is it lykwols in Hurritysk wurd dat “weinmenner” betsjut.
Nei't Babylon en Jamad ferslein wienen troch de Hettiten, en dy it ûnderelkoar ek net iens wurde koenen, ûntstie in machtsfakuüm yn Boppe-Mesopotaamje. Om't de swakke Midden-Assyryske keningen net by steat wienen dat op te foljen, ûntstie dêr it keninkryk fan Mittany.
De stifting fan harren keninkryk barde tichtby Harran, en de earste hearsker soe Kirta west hawwe dêr't fierders allinnich fan bekend is dat de twa hearskers dy't nei him kamen syn soannen wienen. It keninkryk moat likernôch 1500 f.Kr. stifte wêze.
De Hurriten wienen tige goede weinriders op de lichte striidweinen sa't dy nei 1800 foar Kristus algemien woarn wienen. As wapen hienen hja in gearstalde bôge, út hoarn en hout, wêrtroch't brûnzen beskermplaten foar man en hynder nedich waarden. De Hurriten dûkten rûnom op, ek yn Palestina, wat blykt út de spoaren fan harren taal mei Kaukastyske ynfloeden, lykas blyk út in Egyptysk argyf en út Palestynske klaaitabletten.
Mittany woeks út it dal fan de Khabur wei en wie yn de iuw om 1400 f.Kr. it machtichste keninkryk fan it Heine Easten. Kening Barattarna fan Mitanny wreide it keninkryk út nei it westen, mei Halab (Aleppo), en makke Idrimy fan de Alalakh ta syn fazal. De steat Kizzuwatna yn it westen ferlei syn loyaliteit nei Mittany, en yn de midden fan de 15e iuw foar Kristus wienen yn it easten ek Arrafa en Assyrje fazalsteaten. De naasje waard sterker yn de tiid fan it bewâld fan Shaushtator, mar de Hurriten wienen der fral op betocht om de Hettiten yn it Anatoalyske heechlân te hâlden. Kizzuwatna yn it westen en Ishuwa yn it noarden wienen dêrom wichtige bûnsmaten tsjin de fijannige Hettiten.
Nei in pear lytse gefjochten mei de farao’s oer de hearskippij oer Syrje, sleat Mitanny in alliânsje mei Egypte. Yn de tiid fan it bewâld fan Shuttarna yn de iere 14e iuw foar Kristus wie de relaasje sa freonlik, hy stjoerde syn dochter Kile-Hepa nei Egypte om der úthoulike te wurden oan farao Amenhotep III. Mittany wie dan op it hichtepunt fan har macht.
Nei de dea fan Shuttarna waard Mitanny ferwoaste troch gefjochten tusken ferskillende troanopfolgers. Uteinlik bestige Tushratta, in soan fan Shuttarna, de troan. Mitanny wie ferswakke en de Hettiten kamen tichterby. Wylst waarden de politike relaasjes mei Egypte minder en de Assyrjers goaiden harren Mitannyske jok ôf. De Hettyske kening Suppiluliuma I foel de Mitannyske fazalsteaten yn noard-Syrje binnen en ferfong de eallju troch hearskers loyaal oan de Hettiten.
Yn de haadstêd Washshukanni bruts in nije machtstriid út. De Hettiten en de Assyrjers stipen ferskillende opfolgers. Uteinlik oermastere in Hettitysk leger de haadstêd en ynstallearre Shattiwaza, de soan fan Tushratta as harren fazalkening yn Mitanny, of Hanigalbal lykas sy it neamden.
Nei de slach by Kadesj en de tebekfal fan it Hettyske ryk naam Assyrje de macht yn Mitanny oer, wêrnei't it gebiet binnen in pear iuwen folslein Arameesk waard en de Hurrityske taal en kultuer ferfongen waard troch dy fan de Assyrje.
Hearskers fan Mitanny
bewurkje seksje- Kirta, likernôch 1499-1490 f.Kr.
- Shuttarna I, soan fan Kirta, likernôch 1490 f.Kr. - 1470 f.Kr.
- Barattarna, P/Barat(t)ama, likernôch 1470 f.Kr.-1450 f.Kr.
- Parshatatar,(kin identyk wêze oan Barattarna), likernôch 1450 f.Kr. - 1440 f.Kr.
- Shaushtatar (soan fan Parsha(ta)tar), likernôch 1440 f.Kr. - 1410 f.Kr.
- Artatama I, ± 1410 f.Kr. -1400 f.Kr.
- Shuttarna II, ± 1400 f.Kr. - 1385 f.Kr.
- Artashumara, likernôch 1385 f.Kr. - 1380 f.Kr.
- Tushratta, likernôch 1380 f.Kr. - 1350 f.Kr.
- Shuttarna III (soan fan de ursurpator Artatama II), likernôch 1350 f.Kr.
- Shattiwaza of Mattivaza (soan fan Tushratta), likernôch 1350 f.Kr. - 1320 f.Kr.
- Shattuara I, likernôch 1320 f.Kr. - 1300 f.Kr.
- Wasashatta, soan fan Shattuara, likernôch 1300 f.Kr. - 1280 f.Kr.
- Shattuara II (soan of neef fan Wasashatta, of mûglik deselde kening Shattuara I.), likernôch 1280 f.Kr. - 1270 f.Kr.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |