Slach by Sama

(Trochferwiisd fan Slach by Zama Regia)
Slach by Sama
Part fan de Twadde Punyske Oarloch

Kaart fan de Slach by Sama (Italjaansk)
datum: 19 oktober 202 f.Kr.
plak: Sama Regia, flakby Kartago
útkomst: Romeinske oerwinning
Ein fan de Twadde Punyske Oarloch
konfliktpartijen
Kartago Romeinske Republyk
Keninkryk Numydje
befelhawwers
Hannibal Skipio Afrikanus
Massinissa
Gaius Laelius
sterkte
• 36.000 ynfantery
• 4.000 kavalery ynfantery
• 80 kriichsoaljefanten
• 29.000 ynfantery
• 6.100 kavalery
ferliezen
• 33.500 - 40.000 • 4.000 - 5.000
De Slach by Sama troch Henri-Paul Motte út 1890

De Slach by Sama Regia, of gewoanwei de Slach by Sama neamd, waard útfochten op 19 oktober 202 f.Kr. by it plak Sama Regia yn hjoeddeistich Tuneezje. In Romeinsk leger ûnder lieding fan Skipio Afrikanus, mei help fan de Numidyske kening Massinissa, fersloech it Kartaachsk leger ûnder lieding fan Hannibal. De slach makke in ein oan de Twadde Punyske Oarloch.

Nei't Skipio de legers fan Kartago en syn Numidyske bûnsmaat Syffaks yn de slaggen by Utika en op de Grutte Flakten fersloech, twong er Kartago ta fredesûnderhannelings. Kartago waard twongen om syn betingsten dêrby oan te nimmen. Tagelyk rôpen de Kartagers Hannibal werom fan syn kampanjes yn Itaalje. Fol betrouwen yn de striidkrêften fan Hannibal ferbruts Kartago de fredesûnderhannelings. Skipio en Hannibal kamen foarinoar oer te stean by Sama Regia. Hannibal hie in ynfantery mei 36.000 manlju foar dy fan Skipio mei 29.000 manlju oer. Ientred fan Hannibal syn kriichsfolk wiene boargers dy't oproppen waarden. De Romeinen hiene in kavalery mei 6.100 manlju foar dy fan Hannibal mei 4.000 manlju oer. It grutste part fan Hannibal syn kavalery bestie út de Numidyske kavalery, dy't mei in protte sukses Hannibal yn Itaalje holpen hie, mar nei de Romeinen oerstapt wiene.

Hannibal hie ek nochris 80 kriichsoaljefanten. De oaljefanten begûnen mei de slach om it Romeinske haadleger oan te fallen. De Romeinen koene de oaljefanten fan harren ôf hâlde troch op se ôf te fjurjen. De Romeinske en Numidyske kavalery wist de Kartaachske kavalery te ferslaan en jage se fan it slachfjild ôf. De Kartaachske en Romeinske legers wiene opsteld yn trije rigen. Hannibal syn earste rige, dy't út hierlingen bestie, foel Skipio syn ynfantery oan, mar waarden ferslein. De twadde rige, dy't út bewapene boargers en de oerbliuwsels fan de hierlingen bestie, lijden grutte ferliezen nei harren oanfal op de earste rige, de hastati, fan de Romeinen. De twadde rige fan de Romeinen, de principes die doe ek mei en dreau de Kartaachske oanfallers werom. De tredde rige fan Hannibal, dy't út feteranen bestie en dy't fersterke waarden troch boargers en hierlingen, kaam dêrnei yn aksje, tsjin de Romeinen, dy't harren opstelling yn ien rige feriene hiene. It waard in swiere fjochterij, mar Skipio syn kavalery kaam werom yn de slach en foel Hannibal syn leger fan efteren oan en ferneatige it.

 
It moetsjen fan Hannibal mei Skipio by Sama Regia troch Charlotte Mary Yong út 1880

Likernôch 20.000-25.000 Kartaachske soldaten sneuvelen en 8.500-20.000 waarden finzennommen. Skipio ferlear 4.000-5.000 manlju, dêr't 1.500-2.500 Romeinen en 2.500 Numydjers sneuvelen. De Kartagers waarden yn harren eigen thúslân ferslein, en de hearskjende elite frege foar fredesûnderhannelings. Hja moasten lykwols krinkjende betingsten oannimme en dêrmei einige de santjin jier lang duorjende Twadde Punyske Oarloch. It ferdrach betsjutte foar Kartago in ekonomysk neigean en it kaam tefoaren dat Kartago ea wer in seemacht wurde soe. Ek neffens it ferdrach mocht Kartago allinnich mar kriich fiere mei tastimming fan Rome. De Numidyske kening Massinissa makke dêr handich gebrûk fan en stook de Kartagers op oant dy lang om let de Numydjers oanfoelen. Dat late ta de Tredde Punyske Oarloch.

Animaasje fan de slach. Klik om ôf te spyljen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.