Slach oan de Medway
De Slag oan de Medway wie in fjildslach oan 'e igge fan 'e rivier de Medway, dy't plakfûn yn 43 n.Kr. op grûngebiet fan de Keltyske folk Kantiasy (Cantii), yn it súdeasten fan it tsjintwurdige Ingelân en gie tusken it Romeinske ryk en de Kantiasy. It wie de earste grutte slach fan de Romeinske ynvaasje fan Brittanje en waard troch de Romeinen wûn.
De Slach
bewurkje seksjeNeidat it Romeinske ynvaasjeleger lâne wie op it eilân Wright waarden sy ûntdekt troch de Britske Kelten. It Romeinske leger stie ûnder lieding fan Aulus Plautius en keizer Klaudius. De Kelten ferienigen har om de Romeinen te bestriden en stienen ûnder it kommando fan Togodumnus en syn broer Caratacus (beiden wienen soannen fan Cunobelinus). Yn de slach dy't fjochte waard wienen de Britten minder as de Romeinen en waarden ferslein.