Slot Loynga
Slot Loynga (of yn modern Frysk: Slot Loaiïngea) is in eardere state in Loaiïngea.
It slot waard yn 1664 bewenne troch Cornelis Haubois, destiids Boargemaster fan Snits. Tusken 1697 en 1714 waard it bewenne troch Tsjalling fan Sixma, grytman fan Barradiel en lid fan de Deputearre Steaten.
Yn 1760 waard op dizze lokaasje in pleats setten, mei de namme Haubois. Op dizze pleats wurdt noch altiten buorke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |