Slot Zuylen
It Kastiel fan Zuylen, meast Slot Zuylen, is in kastiel yn Ald-Zuilen, oan de rivier de Fecht yn de gemeente Stichtske Fecht, yn de provinsje Utert, tichtby de stêd Utert. It kastiel waard boud yn de 13e iuw.
Yn de 13e iuw liet in hear Fan Sulens, stamfaar fan de famylje Fan Zuylen fan Nijevelt, in toer bouwe dy't yn de 14e iuw útwreide waard mei in grutte keamer. Yn it begjin fan de 15e iuw, doe't it laach Van Zuylen gjin manlike erfgenamten hie, wurdt it yn hannen jûn fan Van Borssele, famylje fan hege adel út Seelân. Frank fan Borselen ervet it yn 1422, mar hat der net folle foardiel fan: yn dat jier, as ûnderdiel fan de Tsierderijen fan Hoeken en Kabbeljauwen, nimme de Hoeksken it kastiel yn.
Tusken 1510 en 1522 lit de hear Willem fan Rennenberg it kastiel restaurearje. De eigener fan it kastiel krijt in fêste sit yn de ried fan it Prinsdom fan Utert. Syn neikommelingen, wêrûnder George fan Lalaing en it hûs fan Egmont, wurdt eigener oant 1610, doe waard it kastiel ferkocht oan in rike keapman út Amsterdam, Jasper Quinget. Seis jier letter, ferkocht dy it kastiel oan syn kollega Adam fan Lockhorst.
It kastiel yn de achttjinde iuw
bewurkje seksjeDêrnei keapet de famylje Van Tuyll Serooskerken it kastiel en it domein. De lêste grutte feroarings yn it haadgebou wurde yn 1752 dien. Sûnttiids is it haadgebou net folle feroare. It kastiel is noch altiten eigendom fan dy famylje, yn it jier 1950, Frederik Christiaan Constantijn van Tuyll van Serooskerken feriene it kastiel mei de tunen. Dêrnei hawwe der in soad restauraasjes west. Tsjintwurdich is der in museum yn fêstige.
Bekende ynwenners
bewurkje seksje- Admiraal Steven fan der Hagen (1563 - 1621), de earste admiraal fan de Nederlânske Eastyndyske Kompanjy.
- Isabelle de Charrière (1740-1850), mei de bynamme Belle fan Zuylen, wie ien fan de ferneamdste bewenners fan it kastiel.
It kastiel leit yn in park fan ûngefear 1,5 ha, mei in slangemuorre der omhinne fan ûngefear 120 m lingte. Tusken it kastiel en de rivier de Fecht is in tsjerkje, ek in histoarysk monumint, boud op basis fan in âlde kapel dy't by it kastiel hearde, mar baarnde ôf yn 1847. Om 2000 hinne waard ûnder de flier fan dit tsjerkje in grêfstien fûn fan Lord Van Rennenberg.
-
Slot Zuylen
-
Poartegebou
-
Histoaryske tún
-
Slot Zuylen
-
Slot Zuylen
-
Poartegebou
-
Slot Zuylen
-
Slot Zuylen
-
Slot Zuylen
-
Poartegebou
-
Bygebou
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Webstee fan Slot Zuylen