Belle van Zuylen

(Trochferwiisd fan Belle fan Zuylen)

Belle van Zuylen (wiere namme: Isabelle Agneta Elisabeth van Tuyll van Serooskerken, en nei har trouwen: Isabelle de Charrière; Slot Zuylen (Utert), 20 oktober 1740Colombier (Switserlân), 27 desimber 1805) wie in achttjinde-iuwsk Nederlânsk skriuwster en komponiste, dy't yn it Frânsk skreau. Har oeuvre bestiet út literêr proaza (romans, novelles, koarte ferhalen en fabels), toanielstikken, lieten, opera's (libretty en muzyk), klaviersonates, brieven en biografysk en autobiografysk wurk. Behalven 'Belle van Zuylen' brûkte se ek wol de skûlnammen Zélide en Abbé de la Tour. Bûten Nederlân stiet se ek bekend as Madame de Charrière. Har wurk waard yn har eigen tiid tige wurdearre, mar rekke nei har ferstjerren yn 'e ferjitnis oant it mids njoggentjinde iuw werûntdutsen waard troch de Frânske literatuerkritikus Charles-Augustin Sainte-Beuve. Nei op 'e nij in hoartsje weisakke te wêzen, krige Van Zuylen yn Nederlân pas yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw bekendheid.

Belle van Zuylen
skriuwer
In portret fan Belle van Zuilen troch Maurice Quentin de La Tour (1766).
In portret fan Belle van Zuilen troch
Maurice Quentin de La Tour (1766).
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Belle van Zuylen, Zélide,
   Abbé de la Tour
echte namme Isabelle Agneta Elisabeth de
   Charrière-Van Tuyll van
   Serooskerken
nasjonaliteit Steatsk (Nederlânsk)
Prusysk (Switsersk)
berne 20 oktober 1740
berteplak Slot Zuylen (Utert)
stoarn 27 desimber 1805
stjerplak Colombier (Switserlân)
etnisiteit Nederlânsk
wurk
taal Frânsk
sjenre lit. proaza, poëzij, opera's,
toanielstikken, pamfletten,
brieven, fabels, muzyk
perioade 2e helte 18e iuw
streaming Ferljochting
jierren aktyf 17621805
offisjele webside
www.belle-van-zuylen.eu

Jonkheid en komôf

bewurkje seksje

Van Zuylen waard yn 1740 berne op it Slot Zuylen, yn 'e hjoeddeistige gemeente Stichtse Vecht, yn wat doe it gewest Utert wie fan 'e Republyk fan 'e Sân Feriene Nederlannen. Hja wie in telch út it âlde, aadlike laach Van Tuyll van Serooskerken, en de dochter fan Diederik Jacob van Tuyll van Serooskerken, hear fan Zuilen en Westbroek en deputearre ter Steaten-Generaal (1707-1776) en Helena Jacoba de Vicq (1724-1768), in rike dame út 'e Amsterdamske boargerij. Van Zuylen wie yn it gesin fan har âlden de âldste fan sân bern, dy't allegearre privee-ûnderwiis krigen fan Frânsktalige Switserske gûvernantes en gûverneurs. Simmerdeis ferbleau it gesin op Slot Zuilen, wylst de winters trochbrocht waarden yn it hearehûs oan 'e Kromme Nijegrêft 3-5 yn Utert (stêd).

Van Zuylen har bruorren en susters wiene:

Van Zuylen har âlden lieten har goed opliede, mei ûnderwiis yn Frânsk, Ingelsk, Italjaansk, Latyn, Dútsk, muzyk, natuerkunde, wiskunde en godstsjinst. Sadwaande wie se better ûnderlein as de measte froulju út har tiid, en ek as in protte manlike tiidgenoaten. Yn 1750, doe't se tsien jier wie, gie Van Zuylen mei har gûvernante Jeanne-Louise Prevost in jier nei Sjenêve ta, dêr't se Frânske les krige. Se spile dat jiers yn it toanielstik L'École des Femmes, fan Molière, besocht plakken yn Frankryk lykas Chambéry en Aix-les-Bains, en boarte oan it strân fan 'e Mar fan Sjenêve. Yn Parys waard it Paleis fan Versailles oandien en de Opéra de Paris besocht, en dêre dinearren se boppedat mei de keunstskilder Maurice Quentin de La Tour, dy't jierren letter, yn 1766 e 1771, in portret fan Van Zuylen skilderje soe.

 
Slot Zuylen yn Ald-Zuilen.

Doe't se yn 1751 weromkearden yn 'e Republyk, moast de alvejierrige Van Zuylen, dy't in jier lang gjin wurd Nederlânsk sprutsen hie, har memmetaal op 'e nij oanleare. Neitiid beskôge se lykwols altyd it Frânsk as har earste taal. Dat wie doedestiden ek de fiertaal en lingua franca yn 'e fermiddens fan 'e Jeropeeske hegerein. Prevost kearde yn 1753 fanwegen har sûnens werom nei har berteplak Sjenêve, mar ûnderhold oant 1758 (ynsafier bekend) in briefkerij mei Van Zuylen. Datselde jiers begûn Van Zuylen oan in muzikale stúdzje by de Italjaanske komponist Niccolò Zingarelli.

Teenerjierren

bewurkje seksje

Mei fjirtjin jier rekke Van Zuylen yn 1754 smoarfereale op 'e roomske Poalske ofsier yn Steatske tsjinst Pjotr Dönhoff, dy't lykwols gjin belangstelling foar har hie. Van Zuylen rekke dêrop yn in depresje en loek har oardel jier lang út Utert werom om dizze ûnbeäntwurde leafde te ferwurkjen. Doe't se âlder waard, krige se in protte frijers, dy't lykwols allegear ôfwiisd waarden om't se ûnthjitten hiene har te besykjen mar dat net diene, of har út harsels weromloeken doe't se foar it ferstân krigen dat Van Zuylen geastlik mear mânsk wie as sysels. Van Zuylen seach it houlik as in manear om har frijheid te winnen, mar tagelyk woe se allinnich út leafde trouwe.

 
Belle van Zuylen, skildere troch Guillaume de Spinny (1759) Slot Zuylen, Ald-Zuilen.

Yn 1760 kaam Van Zuylen op it bal dat holden waard ta gelegenheid fan 'e santjinde jierdei fan prinsesse Karolina fan Oranje-Nassau, yn 'e kunde mei de Switserske ofsier yn Steatske tsjinst David-Louis baron de Constant Rebecque. Hy wie troud, achttjin jier âlder as sy en hie de reputaasje in rokkejager te wêzen. Van Zuylen liet har frijfochten, ûnkonvinsjonele hâlden en dragen blike troch, alhiel tsjin 'e etikette yn, him te freegjen om mei har te dûnsjen. (Yn dy tiid hearden froulju lankmoedich ôf te wachtsjen oant sy ta dûns frege waarden.) Hja rekken befreone en ûnderholden neitiid temûk in briefkerij dy't mear as fyftjin jier duorre.

Letter libben

bewurkje seksje

Yn 1763 mette Van Zuylen de Skotske skriuwer James Boswell, dy't oan 'e Universiteit fan Utert rjochten studearre. Nettsjinsteande it feit dat Van Zuylen yn 1764 al sein hie net mei him trouwe te wollen, stjoerde er yn 1766 út Parys wei dochs in houliksoansyk (wêrby't er nochal wat betingsten stelde) oan har heit, mar dy wiisde dat ôf. Uteinlik besleat Van Zuylen mei tritich jier te trouwen mei Charles-Emmanuel de Charrière de Penthaz (1735-1808), in Switser dy't fan 1763 oant 1766 learaar fan har broer Willem René west hie, en mei wa't Van Zuylen neitiid korrespondearre en djipdollende petearen fierde. Hja giene op 15 jannewaris 1771 yn ûndertrou, wêrnei't op 17 febrewaris fan dat jier it houlik plakfûn. Yn july fan dat jier emigrearre Van Zuylen mei har nije man nei Switserlân. Underweis dêrhinne ferbleaune se twa moannen yn Parys, dêr't Maurice Quentin de La Tour Van Zuylen har portret skildere en byldhouwer Jean-Antoine Houdon in buste fan har makke.

 
Belle van Zuylen, skildere troch Jean-Baptist Perronneau (1773).

Yn septimber reizgen Van Zuylen en de man troch nei Switserlân, dêr't se har fêstigen yn Le Pontet, it famyljehûs fan 'e Charrières yn Colombier, by Neuchâtel. Dêr wennen ek Van Zuylen har skoanheit François (1697-1780) en har beide net-troude skoansusters Louise (1731-1810) en Henriette (1740-1814). It kanton Neuchâtel hie doedestiden al lang in gruttere godstsjinstfrijheid as Frankryk en as de oare kantons fan Switserlân, en der setten har dan ek in protte godstsjinst- en gewisseflechtlingen nei wenjen, lykas Jean-Jacques Rousseau en ek Béat Louis de Muralt, de pake oan memmeskant fan Charles-Emmanuel de Charrière. Neuchâtel foarme yn dy tiid gjin kanton fan it Switsersk Eedgenoatskip, mar wie fan 1707 oant 1848 as it foarstedom Neuchâtel in ûnderdiel fan Prusen.

Skriuwkarriêre

bewurkje seksje

Mei 22 jier skreau Van Zuylen yn 1763 anonym har earste novelle, dy't se as titel Le Noble ("De Ealman") joech. Dat wurk ferskynde yn fúljetonfoarm yn in Frânsktalich tydskrift, útjûn troch útjouwerij Evert van Harrevelt yn Amsterdam. Doe't yn 1763 de korrizjearre ferzje yn boekfoarm ferskynde, kaam lykwols al rillegau út wa't de skriuwster wie, mei as gefolch dat Van Zuylen har âlden it boek út 'e hannel nimme lieten, om't it in satire wie op harren eigen maatskiplik fermidden, dat se net wurdearje koene. Ek yn 1762 skreau Van Zuylen foar har freonen it selsportret Portrait de Mll de Z., sous le Nom de Zélide, Fait par Elle-même, 1762 ("Portret fan Juffer fan Z., ûnder de Namme Zélide, Makke troch Harsels").

 
In portret fan Belle van Zuylen troch Jens Juel (1777).

Har produktyfste perioade kaam lykwols nei't se har mei har men yn Colombier fêstige hie. Yn 1784 publisearre se twa briefromans, Lettres Neuchâteloises ("Neuchâtelske Brieven") en Lettres de Mistress Henley, Publiées par Son Amie ("Brieven fan Frou Henley, Publisearre troch Har Freondinne"). Caliste, op 'e nij in briefroman en in ferfolch op Lettres Neuchâteloises, kaam yn 1787 út yn Parys, en wie it iennichste fan har wurken dat yn in grutte oplaach printe waard. In jier letter, yn 1788, ferskynden Van Zuylen har earste beide pamfletten oer de politike tastân yn 'e Republyk, Frankryk en Switserlân, mei as titel Bien-Né ("Wolberne") en Réflexions sur la Générosité et sur les Princes ("Prakkesaasjes oer de Ealmoedigens fan Foarsten"). Yn Colombier kaam Van Zuylen ek yn 'e kunde mei de folle jongere Isabelle de Gélieu, dy't se oanfitere om te skriuwen. Yn 1797 setten de beide froulju tegearre it wurk Nature and Art fan Elizabeth Inchbald út it Ingelsk oer yn it Frânsk.

Yn 1786 en 1787 ferbleau Van Zuylen oardel jier yn Parys, dêr't se in protte tiid bestege oan komponearjen en klavesimbelspyljen. Se skreau tekst en muzyk foar ferskate muzikale wurken (teminsten seis menuëtten foar in snarekwartet, njoggen pianosonates en tsien meldijen en ferdichtings), mar dêrfan binne inkeld fragminten oerlevere. Wol is bekend dat se in libretto fan Les Phéniciennes nei Mozart ta stjoerde yn 'e hope dat dy't it op muzyk sette woe, mar se krige ynsafier bekend nea antwurd. Yn Parys kaam Van Zuylen fierders yn 'e kunde mei de skriuwer Benjamin Constant, in omkesizzer David-Louis de Constant Rebeque, dy't 27 jier jonger wie as sysels, en mei wa't se neitiid ek jierrenlang briefke.

 
Le Pontet, yn Colombier.

As in bewûnderster fan 'e filosoof Jean-Jacques Rousseau, holp Van Zuylen yn 1788 en 1789 op fersyk fan Pierre-Alexandre DuPeyrou by de publikaasje fan Rousseau syn postume autobiografyske wurk Confessions ("Bekentenissen"). Omtrint dyselde tiid skreau se har eigen pamfletten oer Rousseau. Koarte tiid letter namen fanwegen de Frânske Revolúsje in stikmannich Frânske eallju de wyk nei Neuchâtel, dêr't Van Zuylen mei ferskaten fan harren befreone rekke. Oan 'e oare kant publisearre se neitiid pamfletten dêr't se in diel fan 'e flechtlingen yn bekritisearre, om't se fûn dat dy lju neat leard hiene fan 'e revolúsje. Ut har wurk komme as tema's har religieuze twifels nei foarren en teffens har ideeën oer de adel en de opfieding fan froulju.

Van Zuylen kaam op 27 desimber 1805 yn 'e âlderdom fan 65 jier te ferstjerren te Le Pontet, yn Colombier. By har begraffenis wiene har demintearjende man en skoansusters net oanwêzich. Ein njoggentjinde iuw binne beide begraafplakken yn Colombier romme, en it is ûndúdlik wat der doe mei de minsklike resten bard is.

 
Belle van Zuylen, skildere troch Maurice Quentin de La Tour (1771) Musée Antoine-Lécuer, Saint-Quentin (Aisne).
  • 1762 – Portrait de Mll de Z., sous le Nom de Zélide, Fait par Elle-même, 1762
  • 1763 – Le Noble: Conte Moral (novelle) [1]
    •   Nederlânske oersetting: De Edelman: Een Verhaal met Zedelijke Strekking (fert. Rosalien van Witsen, 1986)
    •   Nederlânske oersetting: Portret van Mej. de Z., onder de Naam Zélide, Gemaakt door Haarzelf (fert. Kees van Strien, 2005)
  • 1784 – Lettres de Mistress Henley, Publiées par Son Amie
    •   Nederlânske oersetting: Mrs. Henley (fert. Robert Egeter van Kuyk, 1986)
  • 1784 – Lettres Neuchâteloises
    •   Nederlânske oersetting: Brieven uit Neuchâtel (fert. Leo van Maris, 1997)
  • 1785 – Lettres Écrites de Lausanne
    •   Nederlânske oersetting: Cécile (fert. R. de Jong-Belinfante, 1986)
  • 1787 – Caliste, ou: Continuation de Lettres Écrites de Lausanne
    •   Nederlânske oersetting: De Geschiedenis van Caliste (fert. Victor E. van Vriesland, 1986)
  • 1788 – Bien-Né
    •   Nederlânske oersetting: Welgeboren (fert. Johanna Stouten, 1979)
  • 1788 – Réflexions sur la Générosité et sur les Princes
    •   Nederlânske oersetting: Over de Noodzaak van Edelmoedigheid, in het Bijzonder voor Vorsten (fert. Suzan van Dijk, 2005)
  • 1789 – Plainte et Défense de Thérèse Levasseur
    •   Nederlânske oersetting: Aanklacht en Verweer van Thérèse Levasseur (fert. Ina Châtelain, 1979)
  • 1795 – Elise, ou: L'Université
    •   Nederlânske oersetting: IJdelheid en Liefde (fert. Pierre H. Dubois en, Simone Dubois, 1979)
  • 1795 – Trois Femmes (roman)
    •   Nederlânske oersetting: Drie Vrouwen (fert. Pierre H. Dubois en Simone Dubois, 1979)
  • 1795 – Honorine d'Userche: Nouvelle de l 'Abbé de la Tour
    •   Nederlânske oersetting: Honorine d'Userche: Als Liefde aan het Taboe ten Ondergaat (fert. Simone en Pierre Dubois, 1985)
  • 1799 – Sainte-Anne
    •   Nederlânske oersetting: Mijnheer Saint-Anne (fert. Johanna Stouten, 1985)
  • 1799 – L'Abbé de la Tour, Lettre de Monsieur Sainte-Anne à Mademoiselle De Kerber
    •   Nederlânske oersetting: Brief van Mijnheer Saint-Anne aan Mejuffrouw De Kerber (fert. Hans van Amstel, 1999)
  • 1806 – Sir Walter Finch et Son Fils William
    •   Nederlânske oersetting: Brief van Walter Finch aan Zijn Zoon (fert. Simone en Pierre Dubois, 1987)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Titelpagina Le Noble 1763

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.