Antagonist

(Trochferwiisd fan Smjunt (narratology))

In antagonist (fan it Aldgrykske ἀνταγωνιστής, antagonistēs, dat letterlik "tsjinstanner" of "rivaal" betsjut) is in term út 'e narratology wêrmei't ferwiisd wurdt nei in persoanaazje út in fiksjewurk (roman, novelle, koart ferhaal, epos, toanielstik, musical, opera, balletfoarstelling, film, tillefyzjesearje, ensfh.) dy't de haadpersoan of protagonist tsjinwurket. Faak wurdt 'antagonist' dêrom beskôge as synonym mei 'smjunt', mei't yn 'e klassike styl fan ferhalen dejinge dy't foar it goede fjochtet of wurket de protagonist is, en de minne lju de antagonisten. Dat giet lykwols net altyd op, mei't yn 'e moderne fiksje de smjunt (bgl. in bankrôver of in hiermoardner) ek wolris as haadpersoan en dêrom as protagonist nommen wurdt, wylst de plysje (held) dy't efter him/har oan sit dan de antagonist is.

De antagonist yn 'e sin fan de smjunt hoecht trouwens net ek altyd bewust it ferkearde nei te stribjen; yn in romantysk leafdesferhaal kin de rol fan de (of ien fan de) antagonist(en) bgl. ferfolle wurde troch de mem fan ien fan 'e beide protagonisten, dy't om eigen (miskien wol tige goed ûnderboude) redens it pearke útinoar besiket te hâlden. Yn elts gefal soargje antagonisten (bewust of ûnbewust) foar obstakels en beletsels dy't de protagonist(en) oerwinne moattte om syn/har(ren) doel te berikken. Fan oarsprong is de antagonist yn it Aldgrykske toaniel bedoeld om foar konfliktsitewaasjes te soargjen, dy't de krêften en swakten fan 'e karakter(s) fan 'e protagonist(en) bleatlizze.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.