Sneker Pypke

brouwerijhierder yn Snits

Sneker Pypke is in brouwerijhierder yn Snits en is oprjochte yn 2018.

Skiednis bewurkje seksje

In oantal freonen út Snits fine it yn de maitiid fan 2018 heech tiid wurden dat der yn Snits en omkriten geniete wurde kin fan in Snitser bier. De trije besluten om in Blond bier te ûntwikkeljen. Op 25 july 2018 is it spesjaalbier út Snits, Snitser Pypke, yntrodusearre yn it sintrum fan Snits. Sûnt begjin desimber 2018 is der in Tripel by kaam.

Hjoed bewurkje seksje

It Blond, Tripel, Dubbel, Weizen IPA, Wit, Amber en eigen label bieren wurde op ambachtlik wize broud mei earlike grûnstoffen en sûnder helpstoffen yn de Ambachtelijke Vechtdal Brouwerij yn Dalfsen, dêr 't minsken mei in ôfstân ta de reguliere arbeidsmerk in nuttige, sosjale deibesteging hawwe. Under oare soarchfâldich selektearre gêst, mout- en hopsoarten binne yn it resept ferwurke. Dêrnei wurde de fleskes ôffolle yn dizze soarchbrouwerij en etikettearre yn in sosjale wurkpleats fan Philadelphia yn Snits.

Yn 2023 wurdt der foar it earst in bokbier broud.

Assortimint bewurkje seksje

  • Sneker Pypke Weizen IPA
  • Sneker Pypke Blond
  • Sneker Pypke Dubbel
  • Sneker Pypke Tripel
  • Sneker Pypke Wit
  • Sneker Pypke Amber
  • Sneker Pypke Low IPA
  • Sneker Pypke Bock

Keppeling om utens bewurkje seksje